Wethalder Keizer: Hy is it mei it leste perfoarst net iens. 'Samen uit, samen thuis' is it liedende prinsipe. Men lost it op troch fersoberingen en troch oanbestegingsfoardielen. De oanbesteging fan de sluzen fait bygelyks geunstiger lit. De hear De Kroon (PvdA): Men hoecht net op in artikel lit de krante of te gean, want der lizze ofspraken en der moatte de partijen har oan halde. De hear Ketellapper(GBL): De rekkenkeamerkommisje soe it miskien undersykje kinne. Wethalder Keizer: Der hat er op himsels gjin muoite mei, mar hy fynt it no net it measte geskikte momint. derfoar. Troch de bydrage fan it Waadfuns is de saak hurder op 'e gleed kaam. As Ferwerderadiel allinne bydraacht oan de earste faze dan hat men gjin ijocht fan praten. Ferwerderadiel bliuwt ferantwurdlik foar saken lit de earste faze. It soe ek gefolgen hawwe kinne foar har oandiel lit Regio in Actie. De hear Ketellapper(GBL): De wethalder soe it helder meitsje kinne. Derom soe neffens GBL in moasje op syn plak weze om de rekkenkeamer litsykje te litten oft alles kloppet. De hear De Kroon (PvdA): Oan 'e ein fan it projekt soe men foar in undersyk fan de rekkenkeamer weze kinne, mar net op dit momint. De rekkenkeamerkommisje bepaalt boppedat sels wat men undersiket. De foarsitter: Hij stelt vast dat dit laatste door de raad breed gedragen wordt. De hear Ketellapper(GBL): De fraach oer de geheimhalding hat al earder op de gearkomste oan de oarder west. Hy wol der letter nochris op weromkomme. Hy hat noch in fraach oer de parkeargelegenheid oan de David van Goirlestraat yn Koamjum. Wethalder Keizer: It is de bedoeling om der gers yn te siedzjen. Dat hoecht in parkearfoarsjenning net yn 'e wei stean. Der is in grutte list fan winsken omtrint parkearplakken yn de doarpen. Men sil in prioritearing oanbringe. Men kin de suggestje fan Koamjum meinimme. Mefrou Wachter (CDA): In de Provinciale Staten klinken geluiden om de Noordwesttangent maar niet meer aan te leggen. Wat is de huidige stand van zaken? Wethalder Keizer: It projekt is by werberekkening kostber litfallen en hat in plak krige yn it regiospesifyk pakket. Ek it kolleezje hat der noed mei dat it konkurreare moat mei oare projekten. De oanbiedingsbrief fan DS lit sjen dat men der net yn slagge is om de herprioritearing by de begrutting oan te bieden. Der is amtlik oerlis hoe't men it oanpakke kin. De deputearre wol sels wol dat de dyk oanpakt wurdt. De hear De Kroon (PvdA): As it by neffens mefrou Wachter by de Steaten libbet dan stiet it faai. De PvdA wol graach fia de partijline aksje undemimme. De foarsitter: Hij is het met een dergelijk gekozen lijn eens. Elk drukmiddel helpt. Mefrou Wachter (CDA): Zij zal het ook bij de Statenfractie van het CDA neerleggen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2009 | | pagina 6