De hear De Kroon (PvdA): De moasje oer it mfc yn Britsum wurdt weromlutsen omdat men troch de ynformaasje fan de wethalder fynt dat dy moasje net mear nedich is. It earste amendemint fan de PvdA is dat men it hiele kopke oer it mfc skrasse moat. Op side 6 giet it ek oer It Gryn. Wer kaam it ferskil wei tusken de 240.000 euro fan de taakstelling en de 190.000 euro yn de begrutting? Neffens de wethalder komt dat trochdat de besuniging mar foar de helte tapast is en dat de oare helte fan dat bedrach boekt wurdt as besparring fan it amtlik apparaat by de personielskosten. Dat liket him net terjochte. Neffens it amendemint/de moasje moat yn de begrutting de besuniging alhiel oan It Gryn tarekkene wurde lykas ofpraat is. As men by It Gryn ta kostendekkendheid komme wol by it skoalswimmen dan moat soks yn de begrutting ferwurke wurdt. De PvdA wol eventueel wol prate oer in foarstel oer in bydrage fan de gemeente oan it skoalswimmen. Dat skoalswimmen sil men dan wol ferlykje moatte mei oare altemativen om de jeugd mear yn beweging te krijen. De hear Tuininga (FNP): Men ffeget dus puer om in trochberekkening? De hear De Kroon (PvdA): Dat kloppet foar de personielskosten. Foar it skoalswimmen leit it foar in part oars. De skoallen sille mei yngong fan it nije seizoen it folle taryf betelje moatte. Men soe der dan miskien yn 'e ried oer prate moatte. De hear Tuininga (FNP): Is it net ferstannich om earst te hifkjen oft de skoallen der jild foar hawwe? De foarsitter: Hij wijst erop dat het een politieke zaak is om het schoolzwemmen wel of niet te subsidieren. De hear De Kroon (PvdA): It giet de PvdA derom dat men it beslut oer It Gryn konsekwint utfiert. Boarger en bestjoer. Der stiet dat de tsjinstferliening oan de boarger adekwaat en optimaal weze moat. As it better kin mei in oare gemeente dan is de PvdA der net op tsjin. De PvdA stelt dus yn it amendemint foar dat de sin wurdt: 'Wij willen een dienstverlening aan de burgers, de organisaties en maatschappelijke instellingen realiseren die adequaat en optimaal is'. Der is neffens side 51 te min budzjet foar it underhald fan de bregen. As der wol genoch jild is, lykas op in oar plak yn it stik suggerearre wurdt, moat dy opmerking op side 51 skrast wurde. Sport, rekreaasje en kultuer. As prioriteit stiet der op side 27 'het uitdragen en bevorderen van recreatiemogelijkheden'OVL hat in wurkgroep dy't dy taken utfiert, mar dy't der lykwols gjin jild foar krijt. Men soe op jierbasis 3.000 euro beskikber stelle moatte oan dy wurkgroep. Foar de dekking kin men romte fine binnen de besteande begrutting. Op side stiet in totaalbedrach fan sa'n 6,5 ton en troch werskikking kin men neffens him wol 3.000 euro frijmeitsje. It bedrach is lykwols net underboud. De hear Ketellapper(GBL): Hy hat heard dat OVL 20.000 euro yn kas hat foar de untwikkeling fan plannen. Is dat te min? 10 en giet oer ta de oarder fan de dei. FNP-Liouwerteradiel Jan Willem Tuininga"

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2009 | | pagina 25