winst makke wie op it bedriuweterrein, mar no moat der in bedrach ofboekt wurde. Hy wiist ek noch op de foarse priis foar de ferselsstanniging fan it iepenbier underwiis. Ek it ferhaal oer de 40.000 euro foar it mfc fan Britsum is him noch te dizenich. De hear De Kroon (PvdA): Men moat yndied skerp bliuwe. Der sit net folle romte yn de begrutting en dertroch soe men ek yn de swierrichheden komme kinne. Der sitte neffens him gjin liken yn 'e kast. De haven fan Britsum soe best noch wolris in swiere mutse wurde kinne. De ried hat besletten om de Alvestedefarrute yn twa fazen ut te fieren en der sil de gemeente har dan ek oan halde moatte. De hear Tuininga (FNP): Hy hat derop wiisd dat GBL earder yn it kolleezje siet. Der binne miskien doe wol dingen bard, wertroch't men no op de blierren sit. De FNP bliuwt lykwols posityf. De hear Ketellapper(GBL): Hy wiist derop dat hy doedestiids tsjin de sporthal wie, omdat it fierstente djoer utfoel. De foarsitter: Er is een amendement van de PvdA over de wijziging in het programma burger en bestuur. En er is een tweetal amendementen van de PvdA over It Gryn. Er is een amendement van de FNP over de vermindering van de hondenbelasting. Er is een motie van de PvdA voor 3.000 euro subsidie aan de werkgroep van OVL en een motie om de tekst over de scholen in Britsum aan te passen. Er is ook nog een motie van GBL om in overleg te treden met bureau Oranjewoud over het kunstgrasveld. Wethalder Keizer: Ut it bregefuns binne de bregen yn Feinsum en Hijum finansierd. De fytsbrege by Wyns moat ek oanpakt wurde. Dy beide earste projekten dogge al in sadanige oanslach op it bregefuns dat men yn 2011 net takomt oan it folsleine reguliere underhald. De 115.000 euro sille teboppe gien wurde, men stoart elk jier 95.000 euro en dan rint men achterut. Men haldt by de ferfanging fan it materieel der rekken mei oft it ekonomysk ofskreaun is, oft der technyske ferbetteringen binne, oft der op miljeugebiet ferbetteringen nedich binne ensafuorthinne. Dat hat de gemeente derta brocht dat men in tal saken yn 2010 ferfange wol. Wethalder Haites: Der is al wat mear bekend oer it jild foar passend underwiis. It jild giet ijochtstreeks nei de skoallen en der sil minder burokrasy weze. It kin fan gefolgen hawwe dat der mear bem yn it reguliere basisunderwiis in plak krije. De tekst soe neffens har datoangeande stean bliuwe kinne. Fersmoarging is der miskien op de lokaasje fan in garaazjebedriuw oan de Bredyk en it eardere NS-terrein oan de Lutskedyk. Wenningen komme der de earste jierren net. As de garaazjehalder ophaldt mei syn bedriuw dan kin men demei sjen. De hear Ketellapper(GBL): Hy wiist ek op in eardere opslach fan de gemeente oan de Bredyk. De hear Pot (YVD): De vervuiler betaalt. Loopt men niet het risico als gemeente dat men net zoals in Finkum tegen kosten aanloopt voor het opruimen van vervuilde grond? Heeft de gemeente dat goed in de hand? Wethalder Haites: Sy sil der om tinke. De lokaasje oan de Bredyk is yn byld, mar der kin pas in ynventarisaasje plakfine as de garaazjehalder ophaldt. As dy de lokaasje ferkeapje wol dan moat dy der in skjinnegrunferklearring by leverje. 13

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2009 | | pagina 28