het gaat om de verdeling van de maatregelen dan kiest GBL duidelijk voor het binnenmilieu. De financiele situatie staat het niet toe mee te gaan met de andere Middelseegemeenten. GBL kiest uiteindelijk dus voor optie C. De hear De Kroon (PvdA): Yn prinsipe wol de PvdA net meibetelje oan enerzjybesparjende maatregels. Foar it binnenmiljeu leit dat wat oars. It is op himsels wol ferantwurde dat de gemeente de helte (20%) foar de maatregelen foar it binnenmiljeu draacht. De skoallen moatte der jild foar oer hawwe en kinne sels in kar meitsje. It kolleezje moat sels mar oer de ferdieling fan it jild oer de skoallen neitinke. Wethalder Haites: It totaalbedrach is yndied heech. It Ryk jout lang net genoch jild. Oer it nut fan in luchtferfarskingssysteem kin men fan miening ferskille. By har witten hawwe alle skoallen in C02-mjitter. It CD A en de WD wolle fierder gjin fmansjele meiwurking jaan. De FNP wol de prioriteit oan de skoallen yn Britsum jaan. Sy tinkt dat soks net kin. It sil neffens har basearre wurde op it tal learlingen en skoallen. Sy sil der lykwols noch nei sjen. GBL en de PvdA wolle dat de gemeente foar in part (20%) meibetellet oan de ferbettering fan it binnenmiljeu. De FNP fynt beide soarten maatregels wichtich. Twadde termyn De hear De Haan (GBL): Hij kan zich vinden in de visie van de PvdA. De hear Pot (WD): Hij vraagt zich af of het onderscheid tussen binnenmilieu en energiebesparende maatregelen wel gemaakt kan worden. Het Rijk heeft nog niet bepaald of het binnenmilieu alleen voor de school of alleen voor de gemeente komt. De hear Keuning (CDA): It CDA hat sein dat de skoalbestjoeren deroer neitinke kinne om in C02-mjitter oan te skaffen. Hy sit wat mei de skieding tusken enerzjybesparring en binnenmiljeu. De kosten foar it binnenmiljeu sitte by de bestjoeren en de gemeente sil meiwurkje moatte oan it krijen fan de subsydzje. De skoalbestjoeren moatte sels mar utsykje foar hokker skoallen it jild brukt wurde moat. CDA bliuwt foar opsje B. De hear Tuininga (FNP): It femuveret him dat gjin inkelde partij op de suggestje fan de FNP oangeande de skoallen fan Britsum yngien is. De wethalder hat har twifels oft it mooglik is. It giet om in protte sinten en derom soe de wethalder der goed achter oan moatte. Wethalder Haites: Sy wit net oft it juridysk mooglik is. As it kin dan kin men it oerwage. Der sil dan wol men mei beide skoalbestjoeren oerlein wurde moatte. As it om in net te grut bedrach giet, dan soe men soks dwaan kinne. De hear De Kroon (PvdA): Men moat druk lizze op de skoalbestjoeren en dy moatte uteinlik de beslissing nimme. Mar men stelt it jild as ried yntegraal gemeentebreed beskikber. Wethalder Haites: Sy tocht dat de ried derachter stiet. De oare wyks hat men oerlis mei de skoalbestjoeren en dan kin men it der oer hawwe. De foarsitter: Als hij de gevoelens goed peilt, gaat de voorkeur uit naar optie C. Met dien verstande dat men de energiebesparende maatregelen buiten beschouwing wil laten (optie 'E'). De hear Tuininga (FNP): De FNP kin mei dy opsje wol libje as de prioritearing goed meinommen wurdt yn it oerlis.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2009 | | pagina 76