feststeld. Yn it beslut fan 10 desimber koe hy lykwols net fine dat men doe besletten hat om in eigen bydrage te freegjen. Der soe gjin frijstelling foar de wennings ferliend wurde kinne en der kin de PvdA har wol yn fine. Mar der moat foar it hiele butengebiet neffens de PvdA in regeling komme. As men in goed beslut nimt (de heffing foar it butengebiet op nul sette) dan hoecht de moasje net mear. It soe de gemeente neffens it kolleezje in heal miljoen kostje as men foar oanslutingen yn it butengebiet gjin heffing mear ffeegje soe. De rioelheffing soe dan 141 euro omheech moatte yn dat jier. Dat is lykwols in ferkearde foarstelling fan saken. In riolearing wurdt ofskreaun oer 30 jier of langer en dan wurdt it 5,5 euro per oansluting djoerder. It sil ek nea barre dat fanwegen de kosten it hiele butengebiet op de riolearing oansletten wurde soe. Yn konkluzje 5 ferwachtet de gemeente dat de huzen djoerder wurde as men oansletten wurdt op it rioel. Neffens ynformaasje fan makelders is dat lykwols net sa. Neffens de PvdA is it net ijochtfeardich dat bewenners fan it butengebiet dy't ferplichte wurde ta oansluting op de riolearing derfoar dy goed 2000 euro betelje moatte. De PvdA hat derfoar 5 arguminten. It giet om in ferplichte oansluting op in nutsfoarsjenning. Soks jildt net foar oansluting op it gas- of elektrisiteitsnet. It keale feit dat der in buis by jins perseel lans rint ferplichtet de minsken ta in kostepost fan goed 2 tuzen euro. Mar de bewenners fan it Tichelwurk krije dochs ek net in heffing foar de kosten fan de iepenbiere asfaltdyk derhinne? By kosten foar de oansluting heger as 8 tuzen euro krijt men frijstelling. De kosten op eigen hiem, dy't der noch by komme, farieare fan 2,5 oant 5 tuzen euro. Dat is foar in ferplichte oansluting fan besteande perselen net teijochte. It giet om 6 wenningen yn Hijum en dus om sa'n 12/13 tuzen euro en dat komt del foar de rioelheffing op sawat 0,11 per bewenner fan de gemeente. As de heffing op nul set wurdt, is der gjin presedintwurking nei it ferline ta. Wol nei de takomst mar dan giet it mar om in pear euro per jier foar de rioelheffing. Op grun fan dy 5 arguminten kin de PvdA de feroardering wol feststelle. De heffing wol de PvdA lykwols op nul stelle ynstee fan op goed 2000 euro Mefrou Wachter (CDA): De panden moeten aangesloten worden omdat de ontheffing vervallen is. De gemeente heeft een zorgplicht voor het buitengebied. Het is niet zeker of men niet in de toekomst voor nieuwe aansluitingen komt te staan door verscherpte wetgeving. In het buitengebied moet men een beer- of zinkput hebben, waarvan de kosten ongeveer 1600 euro bedragen. De 2250 euro is waarschijnlijk gebaseerd op prijzen destijds voor de IBA's in het buitengebied. Het lijkt het CDA niet verstandig om in de aansluitverordening dat bedrag te veranderen. In het verbrede GRP heeft men ook een aantal afspraken gemaakt. Hoe verhouden die zaken zich tot elkaar? Zou men in plaats van de 2250 euro ook kunnen kijken naar de kosten van een IBA op dit moment en dit zien als een stuk tegemoetkoming voor de mensen in Hijum? Wethalder Keizer: GBL wol de moasje oanhalde. De untheffing jildt generyk oant 2015. De wetjouwing wurdt rigider en provinsje en wetterskip kinne har rezjym nei 2015 oanpasse en dan binne meardere oanslutingen te ferwachtsjen. De presedintwurking spilet dus wol deeglik in rol. Der binne twa panen binnen de beboude kom, dy't no ta oansluting ferplichte binne, en dy moatte de folsleine kosten betelje. It giet dus om 4 kear 2250 euro. De diskrepansje soe dan wol tige grut weze as men de heffing foar de oare fjouwer panen op nul sette soe. Der binne noch twa panen dy't binnen de beboude kom lizze en dy't oansletten wurde moatte. Dy moatte ek de folsleine kosten betelje. Der is in omissy yn it ferbrede GRP. It eardere bedrach is net opnij opnommen yn it nije

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 14