ferbrede GRP. Aid belied wie dat der 2250 euro heft wurde soe buten de eigen bydrage foar it eigen hiem. De omfang fan it bedrach (heal miljoen) is yndied yn it stik opnommen. Men hat der lykwols by set dat it in rekkenfoarbyld is. Men kin nea en te nimmer in heal miljoen yn ien jier yn rekken bringe. It is foar him helder dat by de ferkeap fan in hus der't fan bekend is dat men yn de takomst op it rioel oansletten wurde moat, dat de biedpriis dan gans leger weze sil. De rioeloansluting is neffens him min ofte mear in oerheidsferplichting. De ferliking fan de hear De Kroon mei de oansluting op it gas- of elektrisiteitsnet is net falide. Men hat yndied in protte kosten foar de oansluting op it eigen hiem, mar gemiddeld is dat wat minder heech as yn de berekkening fan de hear De Kroon. In iepenbiere dyk is ek hiel wat oars as in rioeloansluting. As men in ein fan de iepenbiere dyk of wennet, dan wennet men riant en der moat men foar betelje. De kosten foar in IB A hienen in referinsje foar de kosten foar ofwikkeling fan suvering op eigen hiem. It kolleezje sil net akkoart gean kinne mei in bedrach fan nul foar de heffing, mar der soe wol nei dat bedrach sjoen wurde kinne. Twadde termyn De hear De Kroon (PvdA): Oangeande de opmerking fan it CDA oer de ferliking mei de kosten foar in IBA: De minsken mei in IBA hawwe de offier fan it rioelwetter no goed regele. Men moat it ofsette tsjin it folle bedrach dat de minsken betelje moatte. Mefrou Wachter (CDA): Het was niet gekoppeld aan een bedrag voor de aansluitkosten. Het is voor de toekomst misschien te overwegen om het bedrag te spiegelen aan de kosten voor een IBA op dit moment. Zo wordt er ook wel in andere gemeenten gewerkt. De hear De Kroon (PvdA): Dan moat men it spegelje oan de 2000 euro dy't men oan de gemeente betelje moat, oan de kosten op eigen hiem en op de heffing. Mefrou Wachter (CDA): In de andere gemeenten brengt men zulke bedragen ook in rekening. De hear De Kroon (PvdA): Der kinne yndied yn de takomst noch ferplichtingen komme fan de provinsje of wetterskip. De kosten foar in totale oansluting berinne dan foar de gemeente sa'n 4/5 miljoen. Men hat earder oer de mateaije praat en yn jannewaris leinen de totale kosten 6 x 2250 euro heger. Mar no is der foar 2 fan de 6 panen in oare rekkensom. Hoe sjocht dy rekken der dan ut? Wethalder Keizer: Men hat nei de oanslutkosten sjoen en dy binne min of mear gelyk. Yn de beboude kom moat men it folsleine bedrach betelje. It komt foar de 6 panen op hast 8.000 gemiddeld del. Hy wit net wat de twa panen yn Hijum betelje moatte. De hear De Kroon (PvdA): De rioelheffing wurdt justjes heger as men de heffing op nul set. As yn it butengebiet in nij hus boud wurdt dan moat derfoar deselde regeling jilde as bygelyks foar huzen yn Stiens-East. De hear Ketellapper(GBL): De arguminten fan de portefuljehalder geane tige hinne en wer. De kompliminten oan de hear De Kroon foar syn ferhaal. Hy haldt de moasje oan. 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 15