LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 5A Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 22 april maart 2010 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 14. Oanslutoardering riolearringen Leeuwarderadeel 2009 en moasje oansluting 6 huzen yn Hijum Wethalder Keizer: Der stiet in flater yn it stik. Op side 5 moat 'eenpersoonshuishoudens' 'meerpersoonshuishoudens' weze. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA hat it underwerp behannele neffens de nije metoade en it amendemint derom rom op tiid tastjoerd oan fraksjes en kolleezje. It proses is min ferrun. Ferline jier maaie hat de PvdA kenber makke dat men it net rjochtfeardich fun dat it sa utfierd waard. De arguminten binne neffens him nea goed wiksele. Neffens it amendemint fan de PvdA moat de heffing foar de 6 huzen op nul set wurde. No komt der wer in oare taljochting fan it kolleezje. BORF sprekt him blykber wol dudliker ut oer de 2250 euro. Yn de eardere notysjes stie dat der gjin jurisprudinsje nei achteren wie, mar dat wurdt no wol as argumint oanfierd. It is spitich der hyltyd wer sokke nije arguminten by komme. Hy ferliket de situaasje mei it praat op in jierdeisbesite. De iene moat yn it butengebiet 2250 euro oanslutingskosten betelje en de oar net. Der feroaret no wat. Op it plattelan moat men op in doer in IBA hawwe. De oarspronklike umjochtfeardichheid is der dertroch wat ut. Men komt no beide sawat gelyk lit. De iene moat rioelheffing betelje en de oar moat kosten meitsje foar it underhald fan de IBA. De PvdA giet mei yn it amendemint fan it CDA en lukt it eigen amendemint yn. De hear L. Tilma (CDA): Earder gie de diskusje der oer oft men samar 2250 euro freegje koe fan de boarger yn it butengebiet sunder dat sy om in tsjinst frege hienen. De provinsje jout de gemeente de opdracht om in rioelbuis yn de berm te lizzen. Perselen yn it butengebiet moatte foar suver offalwetter soargje. De gemeente nimt yn it gefal fan Hijum de ferplichting fan de boarger oer. De boarger betellet foar de ynvestearing en it underhald. De priis foar in nije IBA 1 leit yn 2010 op 1850 euro, ynklusyf btw.. As men al ynvestearre hat dan wurdt de restwearde fan de ynvestearing fan de eigen bydrage ofhalden. It kostet de bewenner net it measte en de wetterkwaliteit is op oarder. Hy haldt gjin rekken mei it grunwurk op eigen hiem. It CDA kin derom net achter it foarstel fan de PvdA en GBL stean. Dan soe men de iene boarger yn it butengebiet befoardiele boppe de oare. Der is gjin dudlikheid oer de btw. As de btw der net yn sit dan soe de eigen bydrage 1650 euro weze moatte. Foar de twa huzen yn Hijum moat de wethalder in akseptabele oplossing fine. De hear Kielstra (WD): De VYD is in deze kwestie redelijk de draad kwijt. De essentie is dat er in het begin van het verhaal een oneerlijkheid zit. De informatie komt ffagmentarisch binnen, zodat men eigenlijk niet meer weet waar het over gaat en dat is niet goed. Hij verbaast zich over het feit dat er een amendement ligt van het CDA. Voor de PvdA geldt tot zijn 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 68