verwondering de vorige argumentatie blijkbaar met meer. De WD vindt de motie van GBL eerlijk en fair en blijft deze motie steunen. De hear Ketellapper(GBL): Der is al faak oer praat en alle kearen heart men wer wat nijs. Hy fynt it nuver dat de hear De Kroon no wer in oar ferhaal haldt. Der is de minsken wat tasein. Hy wol de moasje fan GBL yn stimming bringe. Der wie gjin presedintwurking en men moat de rech rjocht halde. Der wurdt hyltyd in trukendoas iepene. Elkenien moat foar syn wurd stean. De hear Keuning (CDA): Hy wiist derop dat men sein hat dat men de belofte net dwaan woe sunder dat dudlik wie hoe't it siet mei de presedintwurking. De hear Tuininga (FNP): Der wie mar ien partij, de GBL, dy't it op nul stelle woe. De oare partijen woenen earst de presedintwurking undersykje. De presedintwurking nei de takomst is der dus blykber wol. Hy kin him fine yn de foarstelling fan de saak fanut it perspektyf fan jierdeispraat troch de hear De Kroon. Men soe de oare boargers op kosten jeie as men it fergees utfiere lit. De hear Ketellapper(GBL): Hy hat beswieren tsjin de term 'jierdeispraat'. De hear Tuininga (FNP): Dat wie troch de hear De Kroon bedoeld as foarbyld. De FNP kin him fine yn it amendemint fan it CDA. De foarsitter: Hij wijst erop dat de motie van GBL destijds met 11 stemmen voor en 4 stemmen tegen aangenomen is. GBL, de FNP en de PvdA hebben toen voorgestemd. Wethalder Keizer: It kolleezje is wiis mei de nije wurkwize fan de PvdA. It binnen en buten de beboude kom ferhaal hat in misser fan de gemeente west. De fierdere gong fan saken wyt hy mei oan in tekoart oan unthald fan de ried. Yn it bestjoerlik oerlis hat him it nedige ofspile en dat is festlein. Deryn is festlein hoe om te gean mei perselen dy't net oansletten binne yn it butengebiet en dy't no dochs oansletten wurde moatte. Der is doe provinsjaal in ienmalige bydrage foar ofpraat fan 2269 euro. Ek dat bedrach (oanpast ta 2250 euro) hat de ried feststeld yn it GRP foar de perioade 2004 oant 31 desimber 2009. It kolleezje hat besteand belied opnommen yn de oanslutferoardering. It kolleezje moat ek hyltyd reageare op de nije arguminten fan de ried. It kolleezje sil net meigean yn de moasje fan GBL. It amendemint fan it CDA is basearre op in kollektive ynkeap fan in IB A 1, ynklusyf btw. It bedrach fan 2250 euro is ek ynklusyf btw. De hear De Kroon (PvdA): Hy lest yn de reaksje fan it kolleezje op it amendemint fan de PvdA 'de perceeleigenaren .zullen conform het door de gemeente getekende BORF- convenant een eigen bijdrage moeten betalen van 2250, exclusief btw'. Wethalder Keizer: Dat stiet der yndied. Dat is net goed. Oer de 2250 euro wurdt gjin btw heft. De hear De Kroon (PvdA): Yn it amendemint fan it CDA stiet dat de 2250 euro ynklusyf btw is. It kolleezje jout ynformaasje dat it sunder btw is en dat wurdt no steande de gearkomste werroppen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 69