Wethalder Keizer: Foar it wurk op it eigen hiem is it mei de 1850 euro noch net dien. Hy wol graach koart underbrekke foar beried. De hear De Kroon (PvdA): Hoe sit it mei de kwytskeldingmooglikheden? En it beteljen yn terminen soe ek meinommen wurde kinne. De hear Ketellapper(GBL): Dan soe der in hiel nij foarstel komme moatte as men dy dingen allegearre oemimt. It eardere referaat fan de hear De Kroon hie dus dochs wat tekoartkommings. Komt it dan wol goed mei it ferhaal fan it CD A? Men soe de saak better nochris utstelle kinne. De hear L. Tilma (CDA): Neffens syn ynformaasje by de provinsje kin elke gemeente op har eigen manier mei de bydragen omgean. Werom soe men in bedrach Ifeegje moatte foar in rioel dat yn 'e buert foarby komt? Elkenien yn it butengebiet hat de ferplichting om foar suver offalwetter te soargjen. Der sit faaks al wat yn 'e grun en der sil dus dochs groeven wurde moatte. Partikuliere reduksjes hat er neat op tsjin, mar dat jildt ek foar oare gefallen. De hear Kielstra (WD): Het zou goed zijn om nog een keer een totaal dossieroverzicht van het college krijgen. Hij steunt daarmee de oproep van de heer Ketellapper. De hear Tuininga (FNP): Men kin der dizze jun wol utkomme. Hy soe dan wol earst de antwurden fan it kolleezje ofwachtsje wolle. De foarsitter: Schorst de vergadering. De foarsitter: Heropent de vergadering en geeft het woord aan wethouder Keizer. Wethalder Keizer: It kolleezje nimt oan dat it amendemint fan it CDA bedoelt dat de bydrage fan 2250 euro nei 1850 euro moat. It kolleezje stelt foar om artikel 12 ferfalle te litten en dat ferfange te litten troch de sin yn artikel 11 'invorderen en kwijtschelden volgens bestaande systematiek in termijnen'. Fierder kin it kolleezje ut de fuotten mei it amendemint fan it CDA. De foarsitter: Kwijtschelding wordt dus wel mogelijk en in artikel 6, lid 1 wordt 2250 euro gewijzigd in 1850 euro. Twadde termyn De hear L. Tilma (CDA): It CDA is der hiel wiis mei dat it sa kin. Men besiket sa elkenien yn it butengebiet op gelikense wize te behanneljen. Ofskriuwing fan de besteande foarsjenning is steande it gebruk neffens syn ynformaasje fan it wetterskip. De hear Tuininga (FNP): De FNP fynt it goed foarstel fan it kolleezje en stimt yn mei it amendemint fan it CDA. De foarsitter: Hij wijst erop dat de aanpassing van het college het amendement van het CDA feitelijk overbodig maakt. De hear Ekas (GBL): Hij heeft zich verbaasd over alles wat er deze avond naar voren is gebracht. Hij heeft nu begrepen dat elke gemeente op zijn eigen wijze ermee kan omgaan. Dat is in tegenstelling met wat hij eerder van de wethouder gehoord heeft.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 70