GEMEENTE LEEUWARDERADEEL MEMO 14 Fan H.Hiemstra Oan Kolleezje en Ried Datum 12-04-2010 Underwerp Riedsfragen oer rioel butengebiet Ried 22 april 2010-2010/7 Foar de behaimeling fan de nije rioeloardering binne troch de ried in tal fragen steld. Dy fragen hawwe in relaasje mei it oansluten fan 6 perselen yn Hijum, dy't noch op it rioel oansluten wurde moatte. Sa lang as wy foar it butengebiet untheffing hawwe fan de provinsje (earst oant 2015 ta), hoege wy der neat te dwaan en wurdt der (yn teory) troch it Wetterskip hanhavene op de besteande foarsjennings. Op it stuit dat yn 2015 de untheffing (alhiel of diels) ferdwynt moat de gemeente wat undemimme. Dat kin it oanlizzen fan rioel weze, mar b.g. ek it pleatsen fan ISA's, (sjoch tekst art. 10.33 WM). Oer de fraach wer't de ferplichting weikomt om perselen dy't deun tsjin in beboude kom oan lizze wol oanslute te moatten it folgjende. Yn it BOR-oerlis binne doetiids ofspraken makke oer de wurkwize dy't gemeenten en Wetterskip folgje sille. It (finansjele) kader der't dat binnen bart, wurdt foarme troch de noarmen dy't de provinsje opsteld hat yn relaasje mei it al dan net jaan fan untheffing. As binnen it bedrach fan dy noarmen in wenning oansluten wurde kin, moat dat ek barre. Foar us jildt de noarm foar "niet kwetsbaar gebied". Dy noarm foarme it kader foar it opstellen van it NRAP-rapport yn 2005. Yn dat rapport sit in kaart mei de klusters dy't op dy grun of oansluten wurde moasten, of noch neier undersyk fregen om te berekkenjen oft der binnen de noarm oansluten wurde koe. Nei undersyk fan dy klusters, bleaun uteinlik allinnich Hijum mei 6 oan te sluten perselen oer. Fan dy kluster lizze 4 perselen yn it butengebiet en 2 yn 'e beboude kom. Ek wurdt frege of, as der gjin bydrage fan de bewenners frege wurdt, dat presedintwurking hat. Nei it ferline is dat (foar safier ik neigean kin) net it gefal. Der is noch net earder in bydrage frege foar dit soarte fan wurk. Nei de takomst ta kin dat fansels wol it gefal wurde. Stel dat nei 2015 de provinsje foar dielen fan it butengebiet de untheffing ynlukt, dan sille wy der in foarsjenning oanlizze moatte. April 2010 H.Hiemstra

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 72