8a Voortgang Samenwerking Middelseegemeenten De foarsitter: Op 11 mei 2010 zijn de colleges van de Middelseegemeenten bijeen geweest. Men wilde de evaluatie een jaar naar voren halen onder de voorwaarde dat Leeuwarderadeel het tweede spoor, samenwerking met Leeuwarden, intrekt. Op dat moment heeft men de besprekingen gestaakt omdat de raad daarover gaat. Vandaar dat het nu op de agenda staat. De hear Keuning (CDA): De nije koalysje wol in fierdere gearwurking yn Middelseeferban net ut de wei gean. It moast foar de boarger dudlik weze wat de trije opsjes (fuzje Middelsee, gearwurking Middelsee, fuzje Ljouwert) binne. De Middelseegemeenten binne gelokkich yn beweging kommen en it CDA is bliid dat de evaluaasje in jier nei foaren helle is. Men hat wol in probleem mei de tafoege eask. Der hat de leste wike in yntinsyf oerlis west mei de koalysjepartijen. Derby is hiel wat wetter by de wyn dien. Men stie foar in enoarm dilemma. Der hat ek oerlis west mei de boargemaster en de gemeentesekretaris. De oare Middelseegemeenten wolle net tastean dat men de opsje fan fuzje mei Ljouwert iepen haldt. It CDA hat yn it ferkiezingsprogramma set dat men foar it Middelseeferban giet. In komplimint foar De Kroon en Dykstra foar it kommen ta hiel wat farianten om uteinlik ta in foarstel te kommen. It waard stadichoan dudlik dat der in grut probleem lei. Der siet spitigemoch gjin rek mear yn. It CDA kiest derom foar in earlike kans foar Middelsee en stiet dus achter it foarstel. De hear Dijkstra (FNP): Der hat yntinsyf oerlis west tusken de trije partijen. It gie der dizze tiid tige hektysk oan ta. Hy lest in ferklearring fan de FNP foar. Opstelling FNP nei oanlieding fan it beslut fan de Middelseekolleezjes oan Ljouwerteradiel "om af te zien van het onderzoek naar fusie met de gemeente Leeuwarden". Beslut Middelssekolleezjes maaie 2010. 1in te stemmen met het voorstel de evaluatie van samenwerking Middelsee gemeenten een jaar naar voren te halen en daarmee in 2012 te doen plaatsvinden; 2. af te zien van onderzoek naar fusie met de gemeente Leeuwarden. Koalysjeprogram 2010-2014 Yn it koalysjeprogram fan Ljouwerteradiel binne 3 farianten opnommen oer de bestjoerlike takomst fan gemeente Ljouwerteradiel; de 3 koersen fan PvdA, CDA en FNP. Ien en oar wie in kompromis fan de trije partijen by de foarming fan de koalysje. Ferfolch op it beslut Middelseekolleezjes 2010. De letter fan it beslut is dat de ried fan Ljouwerteradiel of sjen moat fan in undersyk nei fuzje mei de gemeente Ljouwert sa as ferwurde yn it koalysjeprogram. Sjoen it feit dat der 3 farianten binne oer de takomst fan us gemeente, moat der no wol neffens de letter fan it beslut fan de Middelseekolleezjes hannele wurde. It betsjut dat der ijocht dien wurde moat oan de utgongspunten fan de 4 Middelseegemeenten: it "Convenant samenwerking Middelsee Gemeenten" ut 2007 it "Voorgenomen besluit versterking samenwerking Middelsee Gemeenten" ut 2009 De FNP hannelet al neffens de letter fan de utgongspunten fan de 4 Middelseegemeenten omdat de FNP earst nei 2014 prate wol oer in fuzje yn Middelseeferban en dat de gearwurking yn Middelseeferban op dit stuit foar de FNP foldwaande is. Mei oare wurden: De FNP hat gjin inkel probleem mei it beslut fan de Middelseekolleezjes. Oanpassing koalysjeprogram op haadstik 1 "burger en bestuur" De FNP is ree om neffens it beslut fan de Middelseekolleezjes it koalysjeprogram oan te passen en stimt yn mei it foarlizzende beslut. De hear De Kroon (PvdA): It giet yn it foarste plak oer it memo. Men woe de trije opsjes (fuzje Middelsee, gearwurking Middelsee, fuzje Ljouwert) lykweardich beoardiele. Dat wie ek it stanpunt yn 2008. Yn febrewaris 2009 is dat wer troch de ried oanhelle. Dy trije opsjes

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 29