woe de ried ek oan de boargers foarlizze. Dat is troch de ferkiezings net bard. De ried fynt dat der in undersyk nei de fuzje mei Ljouwert komme moat. Der is fan de oare Middelseegemeenten net in reden te bespeuren dat men derfan ofwike moast. Der is in tiidpaad yn it koalysjeprogramma. Healwei 2011 makket men in earste kar. De gearfoeging fan de amtlike organisaasjes rint dan noch mar krekt. Der is dan ek wat foar te sizzen om de undersiken nei de beide fuzjes letter te starten. De PvdA hie in moasje as koalysje derta yn tarieding, mar dat is uteinlik net slagge en derom komt de PvdA der sels mei. De evaluaasje fan de gearwurking fan de Middelseerute is yn jannewaris 2012. Yn april 2012 kinne de rapporten oer gearwurking en fuzjes beskikber weze en dan kin de ried in goede, frije kar meitsje ut de trije opsjes. De oare Middelseegemeenten ferwite Ljouwerteradiel dat men de gearwurkingsoerienkomst net neikomt. As men sjocht nei de kolleezje-akkoarten dan liket it dochs wat oars. Ljouwerteradiel woe sels baas weze oer de takomst fan de gemeente. De wrald feroaret hurd. Hy neamt in tal foarbylden fan weryndielingsplannen yn Fryslan. Der komme ek ekstra besunigings oan en derom wie der in beslut nedich. Der geane de oare Middelseegemeenten oan foarby. As men net ta gearwurking komme kin yn Middelseeferban dan sjogge dy oare gemeenten ek nei oare gearwurkingsfoarmen mei oare gemeenten. Se prate oer de splinter yn it each fan Ljouwerteradiel en sjogge de balke yn har eigen eagen net. Hy docht in 'smeekbede' oan de oare Middelseekolleezjes. Doch ris wat. Lit sjen dat de gearwurking wat opsmyt. Yn april 2009 is bygelyks ofpraat dat de mienskiplike regeling foar de gearwurking yn 'e rin fan 2009 by de rieden lizze soe, mar dy is der no noch net. De plannen foar de amtlike gearwurking soenen der yn maart al weze, mar dat wurdt no pas dizze hjerst. Der is fan alle plannen hast neat op de hispel kommen lykas it behear iepenbiere romte, mienskiplike ynkeap en it opsetten fan in planning- en controlcyclus. Alles duorret twa of trije kear sa lang of der bart hielendal neat. Jou dat troch oan de oare Middelseegemeenten. Men soe miskien eefkes koart underbrekke moatte om de moasje goed besjen te kinnen. De oare Middelseegemeenten jouwe gjin inkelde argumintaasje by har foarstel. De PvdA kin akkoart gean mei it nei foaren heljen fan de evaluaasje. Men moat jin net gizelje litte troch de eask fan de oare Middelseegemeenten. Der moat yn 2012 romte weze om ut de trije opsjes kieze te kinnen. Graach wol er it oardiel fan de ried oer de moasje hearre. 3 Motie betreffende hoofdstuk 1 "Burger en bestuur" van het coalitieprogram 2010-2014 De raad van de gemeente Leeuwarderadeel in vergadering bijeen d.d. 20 mei 2010 overwegende: dat er recht moet worden gedaan aan het "Convenant samenwerking Middelsee Gemeenten" uit 2007 dat er recht moet worden gedaan aan het "Voorgenomen besluit versterking samenwerking Middelsee Gemeenten" uit 2009 mede overwegende: dat de standpunten van de Middelsee gemeenten over de toekomst van hun gemeente in de coalitie- /raadsprogramma's als volgt zijn verwoord: Leeuwarderadeel: Analyse van de Raden van de voortgang bundeling ambtelijke organisatie met een stevige kritische beoordeling van de kosten en efficiente voordelen die worden behaald.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 30