minsken in objektive miening ferkundigje mar dat dy minsken undertusken in bepaalde kant utwurkje. Men kin net mei twa partijen tagelyk underhannelje. It iene moat earst oan 'e kant weze foardat men mooglik mei in oar fierder giet. GBL kin dan ek understreekje wat de oare Middelseegemeenten wolle. De foarsitter: Cchorst de vergadering. De foarsitter: Heropent de vergadering. Er liggen drie zaken voor. Het amendement op punt 2 van het besluit (toevoegen 'tot die tijd'), de motie van de PvdA en het voorstel zelf. De hear Ketellapper(GBL): As men foar de moasje stimme soe dan soe dat de ein fan de gearwurking fan it Middelseeferban betsjutte. Derom kin GBL de moasje net stypje. De hear Keuning (CDA): Hy stiet persoanlik foar in ferskriklik dilemma. De moasje is mei in protte ynset en yntinsive gearwurking yn elkoar set. It CD A kin lykwols net mei de moasje meigean omdat dertroch de gearwurking yn Middelseeferban te bot ffustreard wurdt. De hear Kielstra (WD): Er ligt een amendement, een motie en een brief van de Middelseegemeenten. De data in de motie zijn te vaag en daarom krijgt de motie de steun van de WD niet. De hear Dijkstra (FNP): De kar is net sa lestich. Kieze foar Ljouwert soe de ein fan de Middelsee-opsje weze en derom kin de FNP de moasje net stypje. De foarsitter: Dat betekent dat men ook in 2012 dus niet over Leeuwarden praat? De hear De Kroon (PvdA): It is spitich dat de oare partijen har net yn de moasje fine kinne. De oare Middelseegemeenten stjoere allinne mar briefkes der't men fierder neat mear oer sizze kin. Dy wize fan bestjoeren ('gijzelmotie') past neffens de PvdA net by Ljouwerteradiel. It koalysje-akkoart bestiet dus net mear yn syn earste foarm. Haadstik 1 wurdt net mear troch de hiele koalysje droegen. Men moat jin offfeegje wat de status fan de koalysje en it koalysjeprogramma is. Dat soe men yn de kommende riedsgearkomste oan de oarder stelle moatte. Miskien fait it ek wol wat ta. De fuortgong fan de gearwurking yn Middelseeferban liket him foar 2012 ffij summier. Hy hat al in tal foarbylden jun dat it mei dy gearwurking net sa bot opsjit. De kans dat dy gearwurking te min jild opsmyt is dan ek grut. Men hie sels graach as Ljouwerteradiel oan it stjoer sitte wollen fan de gearwurking en graach baas bliuwe wollen oer de takomst. Eardere ofspraken binne lang net binnen de tiid realisearre. Men mist mei de opstelling fan de ried no wol kansen om mei te beslissen oer de takomst fan de gemeente. Men sil dus oer it koalysje-akkoart en koalysje te set moatte yn de folgjende riedsgearkomste. De foarsitter: Hij stelt vast dat dit onderwerp als zodanig wordt geagendeerd. Hij brengt het amendement op het besluit ('tot die tijd' toevoegen aan punt 2) in stemming. De inleidende zin voor het besluit vervalt ook. Met 3 stemmen voor (PvdA) en 11 stemmen tegen (GBL, FNP, CDA en WD) wordt het amendement verworpen. Hij brengt het voorstel in stemming. Met 9 stemmen voor (GBL, FNP en CDA) en 5 stemmen tegen (PvdA en WD) wordt het voorstel aangenomen. Hij brengt de motie van de PvdA in stemming. Met 11 stemmen tegen (GBL, FNP, CDA en YVD) en 3 stemmen voor (PvdA) wordt de motie verworpen. 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 32