CD A en GBL alle trije de fuortgong Middelseegemeenten yn it pro gramma sitten hienen, wylst de PvdA mear de opsje Ljouwert nei foaren brocht. Der is troch guon partijen by de koalysjefoarming in unbegryplik protte wetter by de wyn dien. Mei de WD (as winner) derby en noch in oare partij hie der ek wol in mooglikheid foar in oare koalysje west. It is spitich dat dy mooglikheden net goed genoch undersocht binne. Hy wol lykwols de hear De Kroon lokwinskje mei it resultaat. In winner moat ek ris ferlieze kinne. Hy sjocht foar de takomst mei de jongere garde wer kansen foar GBL. GBL sil yn dizze riedsperioade ek wer har uterste best dwaan foar de gemeente. De hear Dijkstra (FNP): De PvdA wie wat somber oer de opkomst by de ferkiezings. De FNP wie dat net, want der kaam in sit foar de FNP by en dat is histoarysk foar dizze gemeente. De boarger hat blykber fertrouwen yn de koalysje. Fjouwer jier lyn is de FNP net kend yn it ynformearen troch de grutste partij. Acht jier lyn hie men in ynformateur oansteld en dat hat doe tige foldien. De oanpak fan de ynformateur, de hear Bosma, hat him tige goed foldien. De earste ferkenning joech oan dat de PvdA, de FNP en it CD A in koalysje foarmje koenen. De hear Keuning (CDA): Omdat hy aanst wierskynlik fraksjefoarsitter is, docht hy no it wurd. It CDA hat neffens him in goede kampanje Herd troch fiif tige kompetinte minsken nei foaren te skowen. Der wie in kans op 4 sitten plus in plak yn it kolleezje. It die lykwols yn de rin fan de ferkiezingstiid bliken dat de achterban fan it CDA ferdield wie oer it plak fan de gemeente yn de takomst. Uteinlik is it CDA tige bliid mei de 3 sitten dy't helle binne. Yn de petearen mei de ynformateur kaam al gau de koalysje de PvdA, de FNP en CDA nei foaren. Der is neffens him net in protte wetter by de wyn dien. Der leit in goed koalysjeprogramma. De hear Kielstra (WD): De WD heefit goede verkiezingen gekend. Het punt van de herindeling is door de WD stevig op de kaart gezet. Daarin stond men het dichtst bij de PvdA. Hij is erg tevreden over de wijze waarop in de Stienser Omroeper aandacht aan het verkiezingsdebat is geschonken. Hij feliciteert de FNP met hun goede, gedreven campagne. Ook kan de WD blij zijn met de extra zetel. Over de coalitiebespreking is hij wat minder tevreden. Er is geen programmatische vergelijking gemaakt maar er is een besluit op grond van het gevoel gemaakt. Het is wat dat betreft een gemiste kans geweest, want er was een betere coalitie denkbaar geweest. Twadde termyn De hear De Kroon (PvdA): Der hie fansels wol in oare koalysje mooglik west. It underwerp fan de weryndieling sil riedsbreed fierd wurde en der stekt neffens him de winst yn. Der binne sunder mis kiezers thusbleaun. It soe moai weze oft men wer nei in opkomst fan 75% ta kin. Men is mei fiif partijen om 'e tafel ut ein set by de ynformaasjeronde. De koalysje mei de heechste skoare krige de foarkar. Mochten dy trije partijen der net ut komme, dan soe men wer as fiif partijen by inoar komme. De ynformaasje moat liede ta in totaal byld fan it pro gramma en dan is it beslut fierder oan de ried. De hear Ketellapper(GBL): Hy snapt de utlis fan de hear De Kroon wol. Men hat miskien wol leard fan de gong fan saken by de foarige koalysjefoarming. Hy wol derop wize dat men oer de gearwurking yn de Middelseegemeenten bepaalde ofspraken makke hat. Hy wol der by in letter punt op weromkomme. De hear Dijkstra (FNP): Hy fynt it komplimint fan de WD tige aardich. Men hat as FNP in tige entusjaste achterban en dat hat miskien te meitsjen mei it Fryskeigene.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 5