LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 20 maaie 2010 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 11. Notysje oanrin strjitten en iokaasje Aldi Stiens De hear L. Tilma (CDA): It CDA wol de winkels wol graach yn Stiens halde, mar net nei de Truerderdyk en nei de iisbaan. Derom is it CDA akkoart mei it foarstel. Mefrou Ennour (PvdA): De PvdA is akkoord met het voorstel. De PvdA heeft een vraag over de accommodatie van de bibliotheek. Heeft de planologische wijziging gevolgen voor de bibliotheek? Zijn er plannen om dat te wijzigen? De hear Tuininga (FNP): Gelokkich hat it kolleezje goed sjoen nei it belang fan de iisbaan. De FNP is it folslein iens mei it plan. It moat ek net nei de Truerderdyk. De hear Van Diggelen (VVD): De WD is er niet op tegen dat de Aldi aan de Truerderdyk komt. Wei zou men dan naar de invulling van het bestaande Aldi-gebouw willen kijken. De hear Ketellapper(GBL): Men hat sels as GBF it plak fan gemeentewurken ek alris oanwiisd. As de Aldi derhinne ferpleatst wurdt dan hat men minder parkearproblemen. Dan kin der hiel wat beweging yn Stiens komme dy't romte jout en dy't de parkearproblemen oplosse kin. Mefrou Ennour (PvdA): Een versnippering is niet in het belang van de versnippering van het centrum. De hear Ketellapper(GBL): Hy wit dat de minsken graach oant de foardoar parkeare wolle. Hy sjocht der in prachtige gelegenheid. Mefrou Ennour (PvdA): Er zijn voorbeelden in het land die door versnippering problemen hebben gekregen. De hear Ketellapper(GBL): Hy sjocht der wat oars tsjin oan. It is wol goed dat der neat mei de iisbaan bart. Wethalder Keizer: Men is fan doel alle bestimmingsplannen fan Stiens yn elkoar te skowen. De notysje is der in opmaat fan. It kolleezje wol neat mei de iisbaan dwaan. Men sjocht op termyn mooglikheden foar ferskowingen trochdat der bygelyks lokalen by it underwiis frijkomme. Dat sil gjin konsekwinsjes hawwe foar de biblioteek. Men hat each foar in goede berikberens fan in adekwate biblioteek. Twa partijen wolle blykber de Aldi wol oan de Truerderdyk hawwe. It kolleezje wol lykwols festhalde oan de fersterking fan it sintrum. It parkearundersyk is kommendeweis. As men de foodwinkels te bot ut it sintrum weihellet dan wurket dat negatyf foar it fimshoppen. Men sil

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 66