De foarsitter: Hij heet de informateur, de heer Bosma, nog bijzonder welkom. De hear De Kroon (PvdA): De gemeente en de hear Bosma hawwe wat mei inoar. As waamimmend boargemaster hat er fan belang west foar de gemeente. Letter ferskynde noch it Rapport Bosma oer it takomstich plak fan Ljouwerteradiel. Men hat no wer fan syn kennis en underfining gebruk meitsje kinnen by syn wurk as ynformateur. Hy hold de partijen goed by de les en hat bydroegen oan in stevich koalysjeakkoart. Der bliuwt romte oer foar in politike diskusje. De hear Bosma hat it wurk foar de reiskosten en in bakje kofje dien. Hy wol de hear Bosma as tank foar syn wurk in bosk blommen en in bon oanbiede. De hear Bosma: Oft er letter syn memoires nochris skriuwe sil dan krijt ien haadstik as titel 'In Waldmantsje yn Stiens'. 5. Konsept "Coalitieprogramma 2010-2014" De hear De Kroon (PvdA): Men leit it koalysjeprogramma no foar oan de ried. Elkenien hat it leze kinnen. It soe it riedsprogram wurde kinne. De hear Kielstra (WD): Hij laat het programma met betrekking tot de hoofdstukken 2 tot en met 10 op zich afkomen. Het is een open verhaal en hij ziet niet in waarom dat het raadsprogramma zou moeten zijn. Voor hoofdstuk 1 ligt het iets anders. De WD is daar niet ontevreden mee. De termijnen voor de samenwerking in Middelseeverband zijn duidelijker geworden en men vergt de andere Middelseegemeenten op hun verantwoordelijkheid. Onder voorwaarden zou men met dat hoofdstuk 1 wel wat kunnen. Men zou echter volgens hem eens moeten nadenken met de maatschappelijke organisaties in de gemeente wat men heeft, wat men wil uitbouwen en wat men verder wil ontwikkelen. Dat zou een onderlegger voor de discussie kunnen zijn. Hij hoopt ook dat de raad een grote invloed krijgt in de opzet van het onderzoek. In de derde plaats zou hij graag willen zien dat de coalitiepartijen aan de data uit hoofdstuk 1 ook daadwerkelijk vasthouden. De hear Ketellapper(GBL): By haadstik 1 wrikt by GBL de skoech ek. De fjouwer Middelseegemeenten hawwe ofspraken makke en dat kontrakt wurdt no iepenbrutsen en dermei ffustrearret men de oare gemeenten. Dy soenen ek wolris ofheakje kinne. As de data hillich binne dan sille nei syn ynskatting bepaalde gemeenten net mear meidwaan wolle. De FNP hat sein dat men foar in plattelansgemeente is en hy snapt de draai dan ek net fan dy partij. It CD A yn Menameradiel hat ek oare ideeen as it CDA yn Ljouwerteradiel. Ljouwerteradiel is tige bepalend yn it gehiel en hy is bang dat de saak ut inoar klappe sil en dat Ljouwerteradiel foar in pryske oan Ljouwert oerlevere wurdt. It punt kin net allinne yn it presidium behannele wurde, mar dat moat publyk besprutsen wurde. It fierdere riedsprogramma sjocht der wol goed ut, mar der sil wol jild foar weze moatte. Spitigemoch is dat by de stikken net oanjun. De hear De Kroon (PvdA): Hy snapt net werom't de WD it riedsprogram net oemimt omdat de WD net oanjout wer't men op tsjin is. Men wol undersyk dwaan nei de mearwearden fan de gearwurking mei Ljouwert of fan de gearwurking mei de Middelseegemeenten. De data binne hurd. De druk op de oare Middelseegemeenten is op himsels net nij, want dy winsk is earder ek al utere. Men woe ommers elk jier in evaluaasje fan de gearwurking. De ried woe ek graach mei de oare gemeenterieden elk jier in oerlis hawwe. Dat wie neffens him ek in winsk fan GBL. De oare gemeenten woenen der lykwols net oan. It presidium haldt him mei de data dwaande, mar de ried sil fansels oer de ynhald fan it proses gear

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 6