waard. De arguminten binne neffens him nea goed wiksele. Neffens it amendemint fan de PvdA moat de heffing foar de 6 huzen op nul set wurde. No komt der wer in oare taljochting fan it kolleezje. BORF sprekt him blykber wol dudliker ut oer de 2250 euro. Yn de eardere notysjes stie dat der gjin jurisprudinsje nei achteren wie, mar dat wurdt no wol as argumint oanfierd. It is spitich der hyltyd wer sokke nije arguminten by komme. Hy ferliket de situaasje mei it praat op in jierdeisbesite. De iene moat yn it butengebiet 2250 euro oanslutingskosten betelje en de oar net. Der feroaret no wat. Op it plattelan moat men op in doer in IBA hawwe. De oarspronklike unrjochtfeardichheid is der dertroch wat ut. Men komt no beide sawat gelyk ut. De iene moat rioelheffing betelje en de oar moat kosten meitsje foar it underhald fan de IBA. De PvdA giet mei yn it amendemint fan it CDA en lukt it eigen amendemint yn. De hear L. Tilma (CDA): Earder gie de diskusje der oer oft men samar 2250 euro ffeegje koe fan de boarger yn it butengebiet sunder dat sy om in tsjinst frege hienen. De provinsje jout de gemeente de opdracht om in rioelbuis yn de berm te lizzen. Perselen yn it butengebiet moatte foar suver offalwetter soargje. De gemeente nimt yn it gefal fan Hijum de ferplichting fan de boarger oer. De boarger betellet foar de ynvestearing en it underhald. De priis foar in nije IBA 1 leit yn 2010 op 1850 euro, ynklusyf btw.. As men al ynvestearre hat dan wurdt de restwearde fan de ynvestearing fan de eigen bydrage ofhalden. It kostet de bewenner net it measte en de wetterkwaliteit is op oarder. Hy haldt gjin rekken mei it grunwurk op eigen hiem, It CDA kin derom net achter it foarstel fan de PvdA en GBL stean. Dan soe men de iene boarger yn it butengebiet befoardiele boppe de oare. Der is gjin dudlikheid oer de btw. As de btw der net yn sit dan soe de eigen bydrage 1650 euro weze moatte. Foar de twa huzen yn Hijum moat de wethalder in akseptabele oplossing fine. De hear Kielstra (WD): De WD is in deze kwestie redelijk de draad kwijt. De essentie is dat er in het begin van het verhaal een oneerlijkheid zit. De informatie komt fragmentarisch binnen, zodat men eigenlijk niet meer weet waar het over gaat en dat is niet goed. Hij verbaast zich over het feit dat er een amendement ligt van het CDA. Voor de PvdA geldt tot zijn verwondering de vorige argumentatie blijkbaar niet meer. De WD vindt de motie van GBL eerlijk en fair en blijft deze motie steunen. De hear Ketellapper(GBL): Der is al faak oer praat en alle kearen heart men wer wat nijs. Hy fynt it nuver dat de hear De Kroon no wer in oar ferhaal haldt. Der is de minsken wat tasein. Hy wol de moasje fan GBL yn stimming bringe. Der wie gjin presedintwurking en men moat de rech rjocht halde. Der wurdt hyltyd in trukendoas iepene. Elkenien moat foar syn wurd stean. De hear Keuning (CDA): Hy wiist derop dat men sein hat dat men de belofte net dwaan woe sunder dat dudlik wie hoe't it siet mei de presedintwurking. De hear Tuininga (FNP): Der wie mar ien partij, de GBL, dy't it op nul stelle woe. De oare partijen woenen earst de presedintwurking undersykje. De presedintwurking nei de takomst is der dus blykber wol. Hy kin him fine yn de foarstelling fan de saak fanut it perspektyf fan jierdeispraat troch de hear De Kroon. Men soe de oare boargers op kosten jeie as men it fergees utfiere lit. De hear Ketellapper(GBL): Hy hat beswieren tsjin de term 'jierdeispraat'.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 11