De hear Tuininga (FNP): Dat wie troch de hear De Kroon bedoeld as foarbyld. De FNP kin him fine yn it amendemint fan it CDA. De foarsitter: Hij wijst erop dat de motie van GBL destijds met 11 stemmen voor en 4 stemmen tegen aangenomen is. GBL, de FNP en de PvdA hebben toen voorgestemd. Wethalder Keizer: It kolleezje is wiis mei de nije wurkwize fan de PvdA. It binnen en buten de beboude kom ferhaal hat in misser fan de gemeente west. De fierdere gong fan saken wyt hy mei oan in tekoart oan unthald fan de ried. Yn it bestjoerlik oerlis hat him it nedige ofspile en dat is festlein. Deryn is festlein hoe om te gean mei perselen dy't net oansletten binne yn it butengebiet en dy't no dochs oansletten wurde moatte. Der is doe provinsjaal in ienmalige bydrage foar ofpraat fan 2269 euro. Ek dat bedrach (oanpast ta 2250 euro) hat de ried feststeld yn it GRP foar de perioade 2004 oant 31 desimber 2009. It kolleezje hat besteand belied opnommen yn de oanslutferoardering. It kolleezje moat ek hyltyd reageare op de nije arguminten fan de ried. It kolleezje sil net meigean yn de moasje fan GBL. It amendemint fan it CDA is basearre op in kollektive ynkeap fan in IB A 1, ynklusyf btw. It bedrach fan 2250 euro is ek ynkl usyf btw. De hear De Kroon (PvdA): Hy lest yn de reaksje fan it kolleezje op it amendemint fan de PvdA 'de perceeleigenaren .zullen conform het door de gemeente getekende BORF- convenant een eigen bijdrage moeten betalen van 2250, exclusief btw'. Wethalder Keizer: Dat stiet der yndied. Dat is net goed. Oer de 2250 euro wurdt gjin btw heft. De hear De Kroon (PvdA): Yn it amendemint fan it CDA stiet dat de 2250 euro ynklusyf btw is. It kolleezje jout ynformaasje dat it sunder btw is en dat wurdt no steande de gearkomste werroppen. Wethalder Keizer: Foar it wurk op it eigen hiem is it mei de 1850 euro noch net dien. Hy wol graach koart underbrekke foar beried. De hear De Kroon (PvdA): Hoe sit it mei de kwytskeldingmooglikheden? En it beteljen yn terminen soe ek meinommen wurde kinne. De hear Ketellapper(GBL): Dan soe der in hiel nij foarstel komme moatte as men dy dingen allegearre oemimt. It eardere referaat fan de hear De Kroon hie dus dochs wat tekoartkommings. Komt it dan wol goed mei it ferhaal fan it CDA? Men soe de saak better nochris utstelle kinne. De hear L. Tilma (CDA): Neffens syn ynformaasje by de provinsje kin elke gemeente op har eigen manier mei de bydragen omgean. Werom soe men in bedrach ffeegje moatte foar in rioel dat yn 'e buert foarby komt? Elkenien yn it butengebiet hat de ferplichting om foar suver offalwetter te soargjen. Der sit faaks al wat yn 'e grun en der sil dus dochs groeven wurde moatte. Partikuliere reduksjes hat er neat op tsjin, mar dat jildt ek foar oare gefallen. De hear Kielstra (WD): Het zou goed zijn om nog een keer een totaal dossieroverzicht van het college krijgen. Hij steunt daarmee de oproep van de heer Ketellapper.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 12