Wethalder Yisser: Zij deelt mee dat het bestuur van de sociale dienst van de acht gemeenten
heeft besloten haar tot voorzitter te benoemen en deze benoeming heeft zij aangenomen.
8a Voortgang Samenwerking Middelseegemeenten
De foarsitter: Op 11 mei 2010 zijn de colleges van de Middelseegemeenten bijeen geweest.
Men wilde de evaluatie een jaar naar voren halen onder de voorwaarde dat Leeuwarderadeel
het tweede spoor, samenwerking met Leeuwarden, intrekt. Op dat moment heeft men de
besprekingen gestaakt omdat de raad daarover gaat. Vandaar dat het nu op de agenda staat.
De hear Keuning (CDA): De nije koalysje wol in fierdere gearwurking yn Middelseeferban
net ut de wei gean. It moast foar de boarger diidlik weze wat de trije opsjes (fuzje Middelsee,
gearwurking Middelsee, fuzje Ljouwert) binne. De Middelseegemeenten binne gelokkich yn
beweging kommen en it CDA is bliid dat de evaluaasje in jier nei foaren helle is. Men hat wol
in probleem mei de tafoege eask. Der hat de leste wike in yntinsyf oerlis west mei de
koalysjepartijen. Derby is hiel wat wetter by de wyn dien. Men stie foar in enoarm dilemma.
Der hat ek oerlis west mei de boargemaster en de gemeentesekretaris. De oare
Middelseegemeenten wolle net tastean dat men de opsje fan fuzje mei Ljouwert iepen haldt. It
CDA hat yn it ferkiezingsprogramma set dat men foar it Middelseeferban giet. In komplimint
foar De Kroon en Dykstra foar it kommen ta hiel wat farianten om uteinlik ta in foarstel te
kommen. It waard stadichoan diidlik dat der in grut probleem lei. Der siet spitigemoch gjin
rek mear yn. It CDA kiest derom foar in earlike kans foar Middelsee en stiet dus achter it
foarstel.
De hear Dijkstra (FNP): Der hat yntinsyf oerlis west tusken de trije partijen. It gie der dizze
tiid tige hektysk oan ta. Hy lest in ferklearring fan de FNP foar.
Opstelling FNP nei oanlieding fan it besliit fan de Middelseekolleezjes oan Ljouwerteradiel
"om af te zien van het onderzoek naar fusie met de gemeente Leeuwarden".
Beslut Middelssekolleezjes maaie 2010.
1. in te stemmen met het voorstel de evaluatie van samenwerking Middelsee gemeenten
een jaar naar voren te halen en daarmee in 2012 te doen plaatsvinden;
2. af te zien van onderzoek naar fusie met de gemeente Leeuwarden.
Koaly s j eprogr am 2010-2014
Yn it koalysjeprogram fan Ljouwerteradiel binne 3 farianten opnommen oer de bestjoerlike
takomst fan gemeente Ljouwerteradiel; de 3 koersen fan PvdA, CDA en FNP
Ien en oar wie in kompromis fan de trije partijen by de foarming fan de koalysje.
Ferfolch op it beslut Middelseekolleezjes 2010.
De letter fan it beslut is dat de ried fan Ljouwerteradiel of sjen moat fan in undersyk nei fuzje
mei de gemeente Ljouwert sa as ferwurde yn it koalysjeprogram.
Sjoen it feit dat der 3 farianten binne oer de takomst fan us gemeente, moat der no wol neffens
de letter fan it beslut fan de Middelseekolleezjes hannele wurde.
It betsjut dat der rjocht dien wurde moat oan de utgongspunten fan de 4 Middelseegemeenten:
it "Convenant samenwerking Middelsee Gemeenten" ut 2007
it "Voorgenomen besluit versterking samenwerking Middelsee Gemeenten" ut 2009
De FNP hannelet al neffens de letter fan de utgongspunten fan de 4 Middelseegemeenten
omdat de FNP earst nei 2014 prate wol oer in fuzje yn Middelseeferban en dat de
gearwurking yn Middelseeferban op dit stuit foar de FNP foldwaande is.
Mei oare wurden: De FNP hat gjin inkel probleem mei it beslut fan de Middelseekolleezjes.
Oanpassing koalysjeprogram op haadstik 1 "burger en bestuur"
De FNP is ree om neffens it beslut fan de Middelseekolleezjes it koalysjeprogram oan te
passen en stimt yn mei it foarlizzende beslut.