LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 10 juny 2010 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 10. Diskusje koalysje en koalysjeprogramma 2010-2014 De hear De Kroon (PvdA): Yn de foarige gearkomste strookte it foarstel fan it kolleezje net mei it koalysje-akkoart. Dochs waard it foarstel oannommen en dertroch wie it koalysje- akkoart skeind. Op 20 maaie gie it oer de takomst fan de gemeente. Mei it mes op de kiel fan de kolleezjes fan de oare Middelseegemeenten hat de ried doe besletten om gjin undersyk te dwaan nei in fuzje mei Ljouwert. Dat beslut moat de PvdA respektearje. De kolleezjes fan de Middelseegemeenten seinen de ried de wacht oan. It wie polityk fan leech allooi. Mar yn de gemeente is de ried dochs sels baas? Fuzje soe dochs ek in opsje weze kinne. De oare trije gemeenten wine har foar de ofspraken wei. Dat jout argewaasje. De Middelseekolleezjes wegerje konsekwint oer de Middelseegearwurking te praten mei de eigen rieden. Mei dy aksje hat men yn de eigen foet sketten. Der binne by him in protte reaksjes fan minsken kaam om de gearwurking mei Ljouwert te sykjen. Der spylje no twa fragen. Kin de koalysje fierder? En hoe kin de PvdA fierder? De ried hat neffens de PvdA, de FNP en it CDA op 20 maaie ferkearde besluten nommen. De ried moat baas bliuwe oer syn eigen aginda. Derta is in moasje troch de koalysjepartijen opsteld. Der komt undersyk nei in fuzje mei Ljouwert as der oanlieding ta is. It foarstel fan de PvdA is om der hielendal in frije kwestje fan te meitsjen. De PvdA wol troch al it gedoch net mear meiwurkje oan de opsje gearwurking/fuzje Middelsee. Der is yn de ried no net in mearderheid dy't kiest foar de opsje Ljouwert. De PvdA wol de hannen frij hawwe en derta leit de moasje foar. Der soe ek in nije tekst foar haadstik I komme moatte. Motie Betreffende de toekomst van Leeuwarderadeel De raad van de gemeente Leeuwarderadeel in vergadering bijeen op donderdag 10 juni 2010 1. Overwegende a. dat de raad op 15 april 2010 bij de beraadslagingen over het coalitieakkoord onder andere heeft besloten om in 2010 een onderzoek te starten naar de plussen en minnen van een samengaan van Leeuwarderadeel met Leeuwarden; b. dat de raad dit onderzoek noodzakelijk achtte om een weloverwogen beslissing te kunnen nemen over de toekomst van de gemeente Leeuwarderadeel; c. dat de raad op 20 mei 2010 onder druk van de colleges van B&W van de Middelsee gemeenten heeft besloten af te zien van een onderzoek naar de mogelijkheden van een fusie met de Leeuwarden;

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 38