Hgemeente LEEUWARDERADEEL Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 10 juny 2010 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 11. Jierwurk 2009 De hear Keuning (CD A): It CD A is tefreden mei it posityf resultaat fan goed 3 ton. Hy rint de programma's koart by del. Boarger en bestjoer. Der is hurd oan wurke om yn 2010 de lichte mienskiplike regeling yn septimber te presintearen. It yntegrale feilichheidsbelied. Derby is it nedige lykas it rampeplan berikt. Behear iepenbiere romte. Der binne dudlike behearsplannen foar de bregen. Der is ynset op feilige fytsrutes en op in goede ferkearsofwikkeling yn it sintrum. Lokale ekonomy. Dat underdiel hat in posityf saldo opbrocht. Alles wurdt earst ynset op Middelsee II. Underwiis. De oerdracht fan de learplicht nei Ljouwert hat fertuten dien. Spitigemoch is it mfc yn Britsum net realisearre. Sport, kultuer en rekreaasje. It CDA hopet dat de ferselsstanniging fan It Gryn liede sil ta de fermindering fan de eksploitaasjetekoarten. Men is tige bliid mei de oanlis fan it keunstgersfjild. Maatskiplike untwikkeling. It CDA is bliid mei de untwikkeling fan it WMO-loket. Tefreden is men ek mei de yntinsjeferklearring yn Middelseeferban oangeande it Sintrum foar Jeugd en Gesin. Miljeu en offal. It GFT-offal is tanommen. Men soe mear bekendheid jaan kinne oan kompostearjen. Wenjen. It CDA hat goede ferwachtingen fan Stiens-East en is bliid mei de untwikkelingen yn oare doarpen. Algemiene dekkingsmiddelen. It is wichtich om wat fet op 'e bonken te hawwen en derom is it goed dat it resultaat fan goed trije ton underbrocht is by it wjerstansfermogen. Der soe neffens him in bettere taljochting komme moatte op de ynvestearringsprogramma's, de gruneksploitaasje en de garant- en boarchstellings. De hear De Kroon (PvdA): It positive resultaat fan 3 ton is in goede saak. Hat men lykwols de maatskiplike doelen helle? Foar safier't hy wit is dat yndied bard en derfoar de kompliminten. Men moat elkoar wol skerp halde. By it programma boarger en bestjoer soe men yn 2009 75% fan de gemeentlike tsjinsten digitaal oanbiede. Dat koe lykwols fanwegen de kosten net utfierd wurde. Hokker tsjinsten biedt Ljouwerteradiel no digitaal oan? Yn de programmabegrutting 2009 binne in tal saken neamd. Hoe stiet it bygelyks mei de digitalisearring fan BAG, WABO, EPD ensafuorthinne? Dat kin men net yn it jierferslach weromfine. Yn 2009 soe der in elektroanyske nijsbrief utbrocht wurde. Hoe stiet it dermei?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 47