LEEUWARDERADEEL a GEMEENTE g Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 1 july 2010 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 13. Subsydzje Britsenburgh Britsum De hear Keuning (CD A): It CD A soe it foarstel oanhalde wolle en dat it kolleezje de plannen fan Britsenburgh neigiet en kontakt mei de minsken deroer opnimt. Der moat nei safolle jier in oplossing komme. Der is op de eardere riedsgearkomste 3 ton nei it wjerstansfermogen skreaun en der binne ek noch RIA-jilden. Sadwaande soe de gemeente mear bydrage kinne. It CD A is der net foar dat al it jild troch de gemeente beskikber steld wurdt. Der moat yn alle gefallen in goed petear mei Britsenburgh komme. De hear P.van der Werff (PvdA): Der is al hiel wat bard om Britsenburgh hinne. It bestjoer fan Britsenburgh hat 4 jier wachte. Earst wie men yn ofwachting fan de plannen oangeande in mfc. Men is dochs dernei mei in oanpast plan kaam en dat is te wurdearjen. It fait de PvdA of dat sa'n aksje net better fanut it gemeentehus oanstjoerd wurdt. De PvdA stelt krekt as it CDA foar om de dialooch oan te gean en om mei in better foarstel te kommen. De hear Dijkstra (FNP): Britsenburgh hat al earder in plan foar utwreiding han. De FNP hat doe pleite foar it derby beluken fan de twa lokalen fan de Twilling. Dat is net trochgien. Mei it mfc is it misbeteard en no komt Britsenburgh mei in realistysker en goedkeaper plan. De FNP soe dat honoreare wolle. De reserveposysje fan de gemeente is u.o. mei mear as 4 ton tanommen. As men no neat docht dan komt der yn de kommende 10 jier neat fan op 'e hispel mei it each op de besunigings. In doarpshus is tige wichtich foar de leefberheid fan in doarpsmienskip. De FNP hat derta in amendemint yntsjinne. Hy lest it Amendemint op subsydzje-oanfraach Britsenburgh 2010 foar: 11 "De ried fan Ljouwerteradiel byinoar yn'e gearkomste fan tongersdei 1 july 2010, stelt fest dat: - yn ferban mei de leefberens fan in doarp in doarpshus fan wezentlik belang is foar in doarpsmienskip, - in eardere oanfraach foar in utwreiding fan Britsenburgh om finansjele redenen net te realisearjen wie, -troch it net realisearjen fan in MFCyn Britsum Britsenburgh wol holpen wurde moat, - mei de nije subsydzje-oanfraach foar in beheindere utwreiding fan Britsenburgh, de realisaasje fan ien en oar realistysker is, stelt ut dat: - Britsenburgh yn oanmerking komt foar in subsydzje passend by de beheindere utwreiding mei in maksimum fan 290.000,= of safolle minder as nedich is, - it kolleezje de plannen hifket op realiteitssin, - it bedrach fan maksimaal 290.000,= te'n leste komt fan de algemiene reserves, en giet oer ta de oarder fan de dei. Stiens, 1 july 2010

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 116