weze kin. Dat skynt by de oare Middelseegemeenten in hypokrite opmerking te wezen. Yn har kolleezjeprogramma's stiet dat dy allinne mar gearwurkje wolle, sels nei 2013. Yn dy kontekst moat neffens de PvdA de moasje sjoen wurde. Oare gemeenten jouwe harsels ek de frijheid om foarmen fan gearwurking mei oare gemeenten te sykjen. De oare Middelseegemeenten sjogge de balke yn it eigen each net. It presidium woe yn oktober 2009 net oan in undersyk nei in fuzje mei Ljouwert meiwurkje. Men hat lykwols as partij en ried it ijocht om dudlik oer de takomst te wezen. De PvdA fynt dat neffens haadstik I de takomst in frije kwestje weze moat. As de plannen foar de mienskiplike regeling der yn septimber komme dan kin dan in go-no-go-beslut nommen wurde. De hear Dijkstra (FNP): Der binne wol faker toanielstikjes yn de ried opfierd. De FNP dreamt net oer Ljouwert. Foarich jier hat men in gearkomste han oer de gearwurking yn Middelseeferban. Men stiet as FNP noch hyltyd achter dy gearwurking. De hear Kielstra (WD): De werkelijke motie staat volgens hem in de notulen. De woorden van de heer De Kroon zijn heel anders dan verwoord in de motie. Het is zoals GBL aangeeft een moeilijk te verteren stuk voor de andere Middelseegemeenten. De drie coalitiepartijen staan volgens hem heel verschillend in de zaak. De hear De Kroon (PvdA): Syn ferhaal fan sakrekt wie de miening fan de PvdA. De moasje jout de romte foar de opfetting fan de PvdA en de FNP en it CD A wer. De hear Kielstra (WD): Hij verzoekt om schorsing voordat tot stemming over de motie overgegaan wordt. De hear Ketellapper(GBL): Hy nimt oan dat de wethalders ek in bepaalde miening hawwe. Hy is begun mei de kolleezjefoarming. Jout men straks yn septimber in stik helderheid? De PvdA makket no wer de fout troch net betrouber oer te kommen. Hy hat it gefoel dat de diskusje fan dizze jun de saak gjin goed dwaan sil. De boarger krijt neffens him ek net in kans om him ut sprekken. De hear De Kroon (PvdA): Hy wiist derop dat GBL yn 2008 ek ynstimd hat mei it rapport Bosma. Dat die Middelsee doe ek sear. De hear Ketellapper(GBL): Dat wie gjin reden doe foar de oare Middelseegemeenten om in reaksje te jaan. Hy ferwyt it CD A en de FNP dat men de gearwurking yn Middelseeferban ut hannen jout. Ek de befolking sil dan neffens him net mear oan set komme. Men hat mei de hiele kwestje yn Fryslan gjin goede beurt makke. De hear De Haan (GBL): Het coalitie-akkoord heeft dus volgens de heer Keuning opgeleverd dat de drie coalitiepartijen akkoord gaan met het in elkaar schuiven van de ambtenaren. Staat hij daar nog steeds achter? De hear Keuning (CD A): It CD A giet foar gearwurking yn Middelseeferban. As yn septimber de lichte mienskiplike regeling presintearre wurdt dan sil elke partij har deroer utsprekke kinne. Hy kin de fraach fan de hear De Haan dus net mei ja of nee beantwurdzje. De hear De Haan (GBL): Het overleg heeft dus alleen tot doel gehad om de coalitie in stand te houden?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 11