foar de PvdA besprekber. De beleaning fan de wethalders moat keppele wurde oan dy fan de amtners. Yn it ramt fan de rampebestriding moat der 16.000 euro oan de helpferlieningstsjinst betelle wurde. Is men der dermei of? De besteande fytsferbining nei Froubuorren is prima en in nij fytspaad is dan ek net nedich neffens de PvdA. De underwiiskundige bydragen soenen ynearsten buten skot bliuwe. De PvdA tinkt der no wat oars oer. De gemeente moat stean foar in goede husfesting. De goed 20.000 euro foar underwiisbelied moat derom skrast wurde. Op basis fan dizze riddenearring moat it kolleezje mei de skoallen yn petear oer de oanpak derfan. Der wurdt wurke oan de privatisearring fan de jachthaven fan Britsum. De privatisearring soe de gemeente neffens him per saldo wolris sinten opsmite kinne. Foar in nij belied foar rekreaasje en toerisme wurdt 10.000 euro utlutsen. It moat dan net om papieren plannen gean mar om konkrete projekten. De ofskaffing foar de subsydzjes foar keunst en kultuer. It kolleezje wol dy yn 4 jier ofbouwe ta nul. De PvdA kiest foar in totaalbedrach oan besuniging fan 25%. De PvdA fynt dat men wol sjen moat nei de post Keunst en Muzyk der't 60% hinne giet. Dat is in te grut part. No stiet der foar nij ict-belied wer in pm-post. It liket op in iepen-einregeling. De opskaling mei de Sudwesthoeke soe foldwaande soelaas jaan moatte en mei it earder beskikber stelde budzjet soe men ut de fuotten kinne moatte. Der stiet yn de programmateksten wol beskreaun wat der bard is mar de doelstellings binne net konkreet genoch. Hy neamt as foarbyld in pasaazje ut it programma behear iepenbiere romte: 'Er is in 2009 een onderzoek gestart naar voldoende parkeerruimte en onderzoek naar veiliger verkeersafwikkeling.' It kolleezje soe de eigen teksten better trochleze moatte om de mjitbere resultaten better oan te jaan. De PvdA is it iens mei de utgongspunten fan de begrutting, mar kin net ynstimme mei de fierdere trije punten yn it beslut. De hear Dijkstra (FNP): Men hat te krijen mei drastyske besunigings en dy hat men foar it grutste part troch Den Haach oplein krige u.o. troch de utwurking fan de frije merkwurking. 20% besuniging soe hast 2 miljoen foar Ljouwerteradiel betsjutte. It prinsipe foar de FNP is 'Samen uit, samen thuis'. De FNP is it iens mei de utgongspunten fan de kademota. Op grutte linen is men akkoart mei de programmapunten. Der sille skriftlik noch punten troch de FNP oanlevere wurde. Der moat ta mear wurk-ekstinsyf underhald by it behear iepenbier grien oergien wurde en dat betsjut dus mear gers en minder strewellen. It underhald fan sportterreinen troch de ferienings sels liket de FNP net in geskikte oplossing. Dan spant men it hynder achter de wein. Der soe in probleem komme mei it kultureel erfgoed as alle subsydzjes foar ferienings op dat med ferfalle. Ek oangeande it Frysk hat de FNP noch wol in opmerking. Dy sil mei de fierdere reaksjes skriftlik oanlevere wurde. De hear Kielstra (YVD): Ook van zijn kant de complimenten voor de helderheid van de kademota. Zijn de aannames van het college echter wel realistisch? De bezuinigingen zouden wel eens groter kunnen uitvallen. De pm-posten geven weinig helderheid. Er komen van de YVD nog schriftelijke aanbevelingen over de A-, B- en C-onderdelen. Waar zijn de Middelseegelden gebleven? Men moet goed kijken naar de mogelijkheid van de uitbesteding van beheer openbaar groen. De VVD wil ook kritisch kijken naar de subsidies. De subsidienten zouden meer met elkaar moeten samenwerken, een stuk overhead delen wat tot geldbesparing zou kunnen leiden. De VVD kan verder akkoord gaan met het voorstel.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 26