De voorzitter zegt dat de reden waarom er geen voorstel voor Britsenburgh ligt is dat het overleg afgelopen vrijdag heeft plaatsgevonden. De tussenliggende tijd was te kort om een goed voorstel aan te leveren. 8a. Doarpefuns en doarpe-oerlis De hear Van der Werff (PvdA) freget him of oft it foarstel net wat te koart troch de bocht is en oft it jild allinnich beskikber is foar projekten dy't mei finansierd wurde ut plattelansprojekten? As dat sa is, is Stiens dan utsluten foar dit funs? As dat net sa is, soe de PvdA graach wolle dat Stiens ek meipartsje kin ut dit funs. Hoe't de ferdieling dan krekt weze moat soe de PvdA dan noch graach ris oer fierder prate wolle. De PvdA fynt dat it jild beskikber steld wurde moat sunder tefolle amtlike bemuoienis. Demeist freget de PvdA werom't dit bedrach net fia de begrutting rint, mar ut de reserves komt? De PvdA is bang dat de ried de dekking foar de kommende jierren sykje moat, hy hie ferwachte dat it bedrach yn de begrutting sitten hie. Hy wol fan it kolleezje hearre hoe't dy him it doarpe-oerlis foarsteld, it is net te fergelykjen mei de gemeente It Bilt, der't in raderaad funksjonearret. De PvdA stelt foar om hjir nochris wat djipper oer nei te tinken, foardat derjun in beslut nommen wurdt. De PvdA is yn prinsipe wol posityf oer it foarstel foar it doarpe-oerlis. De heer Ekas (GBL) is opgevallen dat de gemeente toch wel de regie blijft voeren, terwijl GBL vindt dat de dorpen dit prima zelfstandig kunnen regelen, daar hoeft geen ambtelijke ondersteuning aan te pas te komen. Het mes snijdt dan aan twee kanten. De hear Tilma (CDA) fynt it in prima oanset, mar wol ek in ferantwurding achterof sjen en sa min mooglik bemuoienis fan de gemeente. It CD A fynt de ko-finansieringi net needsaaklik, mar it soe wol moai weze. De heer Kielstra (VVD) sluit zich bij de vorige sprekers aan. Voegt nog toe dat het beschikbare bedrag voor co-financiering wel heel erg klein is. De hear Hansma (FNP) fynt it bedrach wol leech en soe it in goed idee fine as der socht wurdt om eksteme finansierders, bygelyks yn de foarm fan in sponsor. Hy wit fan in plak der't in bank 50.000 yn dizze pot stutsen hat. Wethalder Keizer is bliid mei de brede stipe fan de ried. It foarstel is in earste oanset om te sjen oft dit in begeanber paad is. It jild is net bedoeld as ko-finansieringsjild, mar as oanjager. It is ek net automatysk in link mei de plattelansprojekten, want dy besjogge dat per projekt. Stiens wurdt net op foarhan butensluten, mar der is in dudlike link mei de doarpsspegels en dy hat Stiens net. Nije wike is der oerlis mei pleatslik belang Stiens oer u.o. it untwikkeljen fan in doarpsfisy, der't ek Doarpswurk by belutsen is. It doarpe-oerlis is foar in part bedoeld om mei-elkoar projekten te ferkennen en om oanbelangjende riedsstikken under eagen te sjen. De wurkwize op It Bilt wie men earst wakker entusjast oer, mar no't it oan de ynfolling ta is, is dat entusjasme wat minder. It kolleezje hat foar it doarpe-oerlis ienmalich jild helle ut Komuitleg en foar de kommende jierren is it de taak fan de ried om hjir jild foar te sykjen yn de begrutting. De wethalder is bliid mei it boadskip fan de ried dat der sa min mooglik amtlike bemuoienis weze moat en dat de doarpen har der wol mei rede kinne. De hear Van der Werff (PvdA) fynt it in legitime fraach oft it kolleezje ek foar de kommende jierren jild yn de begrutting sette wol foar dizze projekten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 11