foar it grutste part foar de Skalm, de biblioteek en it underwiisgebou. De gemeente moat bedriuwen ek yn steat stelle om de befoarrieding goed utfiere te kinnen. By Poiesz/Lidl is doedestiids grun oerdroegen en dat jild is opnij ynvestearre. Dertroch koe it iepenbiere gebiet, ek mei ekstem jild, goed ymjochte wurde. Dat hat ek hjir it liedend motyf west foar de bydrage fan de gemeente. Dielgebiet 1 en 2 binne ek opfierd om it oandiel fan de gemeente wat omheech te bringen. By in ferhalding 25/75 hie de Aldi neffens him nee sein. De hear De Kroon (PvdA): De sinten dy't de gemeente krigen hat fan Poiesz binne wer ynvestearre yn it iepenbiere gebiet. Hjir wurdt gjin grun ferkocht en soe de gemeente har beheine kinne ta it oanklaaien mei grien. Wethalder Keizer: Hy wol dan wol fan de ried witte wat dy fynt fan de suggestje fan de FNP om in diel fan de grun te ferkeapjen. De PvdA is dus gjin foarstanner fan it lizzen fan de direksje by de Aldi. De hear De Kroon (PvdA): Hy is tsjin de opslach fan 50%. Hy is der wis fan dat de Aldi der tige goed mei ut is. De noarm fan de 23 parkearplakken is nommen op basis fan in teory. Der binne lykwols foar it totale gebiet al rojaal parkearplakken. Dielgebiet 4 is op grun fan de Aldi. Wethalder Keizer: It antwurd op it tal parkearplakken kin er net jaan. De Aldi betellet hiel dielgebiet 4 en dy meitsje dat ta iepenbier parkearterrein. De hear De Kroon (PvdA): Yn it listke giet it om it iepenbiere gebiet. Moat men dy parkearplakken op grun fan de Aldi dan wol meirekkenje? Wethalder Keizer: It bliuwe iepenbiere parkearplakken. Dielgebiet 3 en 4 binne alhiel foar de Aldi. De gemeente hat derop oantrune dat de befoarrieding op it neamde plak bart, sadat it eardere gebou fan Talant in bettere utstrieling krijt. Hy wol graach fan de oare ffaksjes witte wat dy fine fan de suggestje fan de FNP fan de ferkeap fan de grun. Twadde termyn De hear Ketellapper(GBL): GBL kin har yn in protte dingen fine. Der hawwe underhannelings plakfun en no soe de wethalder wer werom moatte nei de underhannelingstafel. Men is binnen de begrutting bleaun. Yn de underhannelings giet men hyltyd fierder. As men de grun ferkeapet dan komt it yn de pot fan de algemiene reserve. Poiesz en Lidl hawwe doedestiids de grun kocht en de gemeente hat de sinten der wer ynvestearre. Miskien moat de biblioteek wolris ferkocht wurde of moat it gebou utwreide wurde en dan soe men spyt hawwe fan wat men no fan plan is. Hy fynt dat de Aldi wol lef hat om oer de blauwe sone te praten. Hy soe wol mei de Aldi underhannelje wolle en dan tinkt er dat der in nei teffedenheid fan beide partijen goede oplossing komme soe. It is spitich dat it underwerp net earder yn de ried oan de oarder west hat. Der moat noch eefkes fleurich tsjinoan gien wurde om it finansjele plaatsje foar de gemeente wat geunstiger te meitsjen. Mei dat jild kin men wer saken opsette dy't spitigemoch de leste tiid lizzen bleaun binne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 30