LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 5B Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 11 novimber 2010 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 11. Neijiersnotysje 2010 De foarsitter: Hij wijst erop dat men nog een memo ontvangen heeft van de afdeling financien namens het college over de opbouw van bepaalde bedragen. De hear Keuning (CD A): It CD A is bliid mei dat memo, want programma 10 is no in stik helderder wurden. Der bliuwt struktureel goed 23.000 euro oer. Men hat der lykwols gjin sicht op wat der oant no ta dien is oan de programma's. Dat soe foar de folgjende neijiersbystelling wol barre moatte. Foar it Cultureel Fonds (programma 6, side 17) stiet dat de unttrekking struktureel is. Moat dat net ynsidinteel weze? Programma 10, side 14. De taakstelling foar de tariven hat yn 2010 net plakfun. Hat dat ek gefolgen foar de begrutting 2011? De hear De Kroon (PvdA): Men kin dit jier wierskynlik mei in posityf saldo ofslute. Yn de ynlieding op side 3 sprekt it kolleezje nochal fermoanjend nei de ried. Hy hopet it fersom fan de ried yn de finansjele kommisje herstelle te kinnen. Boarger en bestjoer. Gemeente en undemimmer hawwe beide de ijochtssaak oer de lisplakferoardering ferlem. Yn it funis fan de rjochtbank stiet dat it berop fan de undemimmer begrune ferklearre is. De gemeente is feroardield ta de proseskosten fan 1000 euro. Hoe is no de utspraak fan de rjochtbank te rymjen mei de utspraak fan it kolleezje dat beide partijen ferlem hawwe? Der is 5.000 euro ekstra nedich foar de fierdere prosedueres. De maat is no fol foar de PvdA. De leste ijochtssaak gie oer lisplakferoardering. Men hat as gemeente noch nea in positive utspraak fan de rjochter han. De ried soe deroer neitinke moatte om de saak troch in unofhinklik deskundige undersykje te litten. Hy tinkt derby oan bygelyks ald-deputearre Ploeg. It soe foar him foar de kommende riedsgearkomste agindeard wurde kinne. Op side 10 giet it yn it programma maatskiplike untwikkeling it oer it Sosjaal Team. Ynhaldlik docht dit team goed wurk, mar der is noch hyltyd spul tusken de Middelseegemeenten oer de wurkwize en de ferdieling fan de kosten. De PvdA wol ynformaasje oer de aard en skaal fan de problemen datoangeande. By de bemeopfang moat 15.000 euro ekstra betelle wurde foar it tafersjoch. De PvdA fynt dat de gemeente der net mear jild 5m stekke moat as dat it Ryk beskikber stelt. Programma wenjen, side 13. De daling fan de bou-oanffagen bestjut dat men minder leezjes binnen krijt. De ofdieling bou- en wenningtafersjoch soe passend ofslankt wurde moatte. De algemiene dekkingsmiddelen. Der stiet 'Bij de behandeling van de begroting 2010 is door u de raad) de mening gevestigd dat door het hanteren van een commerciele huur meer geld kan worden binnengehaald door de post huren.' Troch de kontrakten koe dat lykwols net utfierd wurde. Yn de programmabegrutting 2010 stiet dat it plan ta ferheging fan de hier al

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 52