heeft men de grens van wat acceptabel is bereikt. Het is jammer dat het zoekproces voor de financiering nog onvoldoende is uitgekristalliseerd. Er schijnt een akte te zijn gepasseerd tussen Aldi en Bokma die anticipeert op de goedkeuring van de raad. Het is dus mooi dat er op die plek wat gebeurt, maar het proces is niet acceptabel. De hear Tuininga (FNP): Men hat it der no foar de tredde kear oer. It koe neffens de ried net foar it frege bedrach. It giet om in wichtige winkel foar in grutte kategory minsken. De FNP is doe mei de suggestje kaam om it hoekje grun te ferkeapjen. It is foar in goed bedrach ferkocht. Men hie nea op in oare wize safolle sinten genereaije kinnen. It plak sjocht der net florissant ut en hie oars foar in protte kosten soarge. De Aldi sil neffens him der in stek sette en dermei is men fan in protte oerlest of. It is spitich dat der net mear grun oankocht is. De gemeente betellet in diel en de Aldi betellet in diel, mar dan hat men der u.o. wol 23 parkearplakken by. Troch de oanbesteging komt men miskien noch goedkeaper ut. It soe foar de FNP derom wol trochgean meie. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA sit tige yn de knipe oangeande dit dossier. De ried hie oanjun dat men der graach nei sjen woe en dat men kaders meijaan woe. Op 16 septimber hat de wethalder tasein dat der in ynformele gearkomste komme soe om deroer te praten en der hat de wethalder him net oan halden. Op 11 novimber die bliken dat de saak hast al ran wie. Men woe in ynformele gearkomste mei de amtners derby. Op 25 novimber wie der yndied in ynformele riedsgearkomste, mar dy waard oankundige op in wize der't men kald fan wurdt. As it net trochgie dan soe de Aldi fuortgean. Dan soenen der Steltonplaten komme. Sa'n mes op 'e kiel setten is in belediging foar de ried. De ried moat foar de boargers goede dingen dwaan lykas de oanpak fan de Buterhoek. Troch it werombringen nei in bydrage fan 40.000 euro wurdt it plan draachliker. De PvdA is troch de need twongen, dus tsjin heuch en meuch, foar it foarstel. It proses wie tige teloarstellend. De ried woe deroer meiprate en dat waard tasein, mar waard in pear wike letter troch de fatale datum fan 1 desimber foar foldongen feiten steld. It is in miskenning en belediging fan de ried. Yn it belong fan de boargers moat men no wol ja sizze. De hear L. Tilma (CDA): It CDA fynt dat it in moai plan is. Men krijt in tal parkearplakken derby en de Aldi kin ynvesteare en utwreidzje. Dertroch komme der mear kansen foar de oare pannen yn 'e buert. It CDA hat noch wol soargen oer de tagong ta it plein. De priis wie foar it CDA lykwols te heech. It wie neffens it kolleezje utunderhannele. De ried hie frege om foaroerlis, mar dat wie neffens de wethalder wetlik net mooglik en dat is in pinepunt foar it CDA. Men waard ta grutte utjeften ferplichte. Hoe moat men straks reageare as it kolleezje mei bygelyks besunigingsfoarstellen op it med fan kultuer komt? De utkomst fan it oerlis is dat de Aldi it de ried mooglik makket in sigaar ut eigen doaze te pakken en dy djoer te meitsjen. De utkomst is uteinlik te min en de ynvestearing is foar de boarger te heech. It binne de konsekwinsjes foar de oare sakelju oan it plein dy't it CDA tsjin it sin beslute litte om net tsjin it foarstel te stimmen, mar foar. Wethalder Keizer: Der is gans wat sein. Hy wol net op alle ferunderstellingen yngean want dat soe allinne mar ekstra argewaasje jaan. De hear Ketellapper hat syn eigen belibbing under wurden brocht. De hear Douma fan de Aldi hat it justjes oars sein. As it net trochgean soe dan soe it bliuwe sa't it is en dan soenen der Steltonplaten neist de winkel komme en dan seach er wol hoe lang oft er der sitten bleau. De wethalder hat ofrune tiisdeitejun sein nei it koalysjeoerlis dat er net mear underhannelje woe. Dat wie ek it stanpunt fan it kolleezje. Hy hat by de fraksjes lans west om te hifkjen

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 121