hoe't de slimming wie. De akte soe op 1 desimber passeare. Hy wist net earder fan dy datum as doe't de memo mei de utnoeging ferstjoerd is. Hy wie poerlilk oer de bewurding yn de memo. Dat wie syn styl net en dat hat er mei ekskuzes yn de besletten gearkomste op 25 novimber oan de ffaksjewurdfierders sein. It wie de earste kear dat dy fatale datum foarbykaam en hy kin him foarstelle dat de ried dertroch under druk kaam te stean. Der is amtlik en yn it kolleezje wiidweidich oer de saak praat. De oare portefuljehalders binne der hiel goed by belutsen west. It spyt him dat it oars run is as de ferwachting fan de ried wie. Der binne ek positive dingen sein lykas oer de ferkeap fan de grun. Der wurdt him fersekere dat der frachtauto's mei draaibere achterassen komme en dy kinne de neamde bocht maklik oan. Miskien moat der in bal op 'e hoeke ferdwine. De ried hat kaders oanjun dat it lossen by it nije plan rinne moat fia it plein. Hy hat doedestiids sein dat men net wist hoe djoer as it wurde woe mar dat it kolleezje binnen 50.000 euro syn gong gean koe. Der wie lykwols wetlik gjin beheining om de ried te ynformeaijen. It is net ffaai oft men ta eat twongen wurdt as ried. Hy hopet lykwols dat dy twang net te bot utfergrutte wurdt. Twadde termyn De hear Ketellapper(GBL): Hy wol noch wol opmerke dat it neffens GBL in moai plan is. De brief wie ek net in ferantwurdlikheid fan de wethalder. Mar men moast eigentlik as gemeente op nul utkomme. It stiet him tsjin it boarst dat de oare underhannelingspartij sa'n toan oanslacht. Men moat neffens him foar 41.000 euro de grun ferkeapje en de rest foar 41.000 euro minder utfiere. Men lit jin yn de sek naaie. Hoe kin men dan aanst de besunigingen oan de boargers utlizze? De hear De Kroon (PvdA): De rekkensom is by de PvdA justjes oars. De PvdA fynt it reedlik dat de gemeente jild utjout oan it opknappen fan it Sint Vitusplein. Men hat neffens him in beste slach makke troch de ferkeap fan de grun. De hear Ketellapper(GBL): Neffens him is dy 40.000 euro in hantrekken foar in sigaar ut eigen doaze. De hear De Kroon (PvdA): It unbehagen is by de PvdA minstens sa grut. It kolleezje giet foarby oan it prinsipebeswier dat de ried net yn de oanrin derby belutsen is. It kolleezje hie in prinsipiele utspraak fan de ried hawwe moatte wollen. De hear Ketellapper(GBL): Men hat dochs no as ried de kans om tsjin it foarstel te wezen? De hear De Kroon (PvdA): It proses is safier dat men net mear mei nije ronde begjinne kin. Wethalder Keizer: Hy hat earder al sein dat it him spyt dat er syn tasizzing fan 16 novimber net neikommen is. De hear De Kroon (PvdA): Hy wiist op de wurkwize lykas earder by de plannen fan Albert Heijn. Sa hie dat no wer barre moatten. Men sil dit proses yn de achterholle halde. It ekskus fan de wethalder is him wat te meager. De PvdA is it dus ftmdaminteel uniens mei it ferrin fan it proses. It kolleezje sil tasizze moatte dat men de ried yn in ier stadium by sokke saken beluke sil. 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 122