Wethalder Keizer: Hy is bliid mei de positive grunhalding fan de ried. Yn it foarstel stiet dat de yntsjinne plannen in relaasje hawwe moatte mei de doarpsfisys. Stiens stiet oan it begjin fan it trajekt fan de untwikkeling fan in doarpsfisy yn 'e mande mei Doarpswurk. Dat sil mear as in healjier duorje. Der wurdt besocht in draachflak fia de wyk- en buertferienings te realisearen. Salang't dat draachflak der net is soe er de ried adviseaije wolle om der gjin jild foar beskikber te stellen. Op 9 desimber is der oerlis mei in fertsjintwurdiging fan de DB's. Yn maart ferwachtet men de utwurking fan de plannen. Hy is der foarstanner fan om struktureel jild beskikber te stellen. Men hat it bestjoer fan Doarpsbelang fan Hijum bypraat oer de besteging fan it jild. Twadde tennyn De hear P.van der Werff (PvdA): De PvdA kin har wol fine yn it foarstel fan de WD dat Stiens earst mei in plan komt. Stel it jild beskikber op betingst dat der dit jier in doarpsfisy komt. Wethalder Keizer: Hy stelt foar om dat of te wachtsjen. It beskikber stellen fan jild kin altyd noch fia in begruttingswiziging regele wurde. De hear L. Tilma (CD A): It CD A kin mei de moasje libje as Stiens derut helle wurdt. De hear P.van der Werff (PvdA): It is neffens him lead om aid izer. Ut praktyske oerwagings soe men it no meinimme kinne. De hear L. Tilma (CDA): De tafoeging fan Stiens is op himsels wol akseptabel, mar de ferheging fan it bedrach net. De hear Ekas (GBL): Als partijen niet aan de voorwaarden kunnen voldoen, kunnen ze ook niet over het geld beschikken. In de kleine dorpen zijn vele kleinschalige zaken die verbeterd kunnen worden. De hear Kielstra (WD): Het bedrag dat voor Stiens beoogd is, is voor de WD akkoord. Als Stiens niet aan de voorwaarde voldoet, dan krijgt men het geld niet. De hear Dijkstra (FNP): Men kin restich 6.000 euro foar Stiens reserveaije op betingst dat de doarpsfisy der oan de ein fan it jier leit. Wethalder Keizer: As men it allinne hat oer de 12.000 euro foar de oare doarpen, dan is der druk op Stiens om mei in foldwaande draachflak en underbouwing te kommen foar har fisy. Tredde termyn De hear Ekas (GBL): Waar is de 6.000 euro voor Stiens op gebaseerd? De hear P.van der Werff (PvdA): De lytse doarpen krije elk 2.000 euro. Der binne ungefear seis wiken yn Stiens. De hear Dijkstra (FNP): Dy 6.000 euro is neffens him it kreeaijen fan dea jild wat de PvdA krektlyn by in foarich agindapunt net woe. Wethalder Keizer: As der in goed underboude doarpsfisy fan Stiens komt, kin men beslute oer de beskikberstelling fan it jild. 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 14