Hy lest it amendemint FNP oer de Afuk foar. Men soe de taken fan de diereambulanse ris opnij besjen moatte. De FNP giet fierder mei de begrutting akkoart. De hear De Kroon (PvdA): De begrutting is somber. Neffens de PvdA moat men earder oan de slach mei de ferkenning fan de meaijierreplanning foar de kommende jierren. Hy stelt foar der yn desimber 2010 mei te begjinnen. De PvdA hie eardere jierren ek al opmerkings oer de teksten makke. Dat hat yn it presidium oan de oarder west, mar dat is blykber net goed trochlaat nei it amtlik apparaat. Op side 26 giet it oer de ynvestearring foar Regio yn Aksje. Watfoar projekten steane der oan te kommen? De PvdA hat in amendemint oer it struktureel jild beskikber stellen foar it doarpefuns. Der is mar ienmalich 12.000 euro foar en dat kin eins net. Dan soe nei ien jier it jild miskien op weze. De post 'overige recreatieve voorzieningen' hie yn 2009 in hichte fan goed 607.000 euro. Yn 2011 rint de begrutting op nei 652.000 euro. Dat is in stiging fan 7,5% yn twa jier. Yn it ramt fan in strak finansjeel belied soe men dy post beheine kinne. De ynflaasje soe men wol trochrekkenje kinne. Dat smyt uteinlik in besparring op fan 27.000 euro. Derfan is 12.000 euro, miskien 18.000 euro as Stiens meidocht, foar it doarpefuns beskikber. De PvdA soe ek graach de swimkaarten foar de minima oanhalde wolle (5.000 euro). Wat men oerhaldt, kin nei 'structured onvoorzien'. 16 Amendemint FNP op de begrutting 2011 oangeande de "Afuk". De ried fan Ljouwerteradiel byinoar yn'e gearkomste fan tongersdei 4 novimber 2010, oerweagend dat: gemeente Ljouwerteradiel in positive halding hat oangeande it Frysk en dat dit resultearre hat yn it "Frysk taalbelied", troch it ticht draaien fan de jildkraan foar de Afuk-kursus "Frysk foar begjinners en net Frysktaligen" net langer stimulearre wurdt, stelt ut dat: yn de begrutting 2011, en fierder, de "Afuk-kursus" feilich stelt wurdt, dat de finansiering fan 675,= yn it jier heile wurdt ut de bydrage fan de diere-ambulanse ut de post "Bijzondere wetgeving bijdrage dierenasiel en dierenambulance" 1.900) en giet oer ta de oarder fan de dei. Stiens, 4 novimber 2010 de FNP fraksie Ljouwerteradiel: Folkert Dykstra, Jan Willem Tuininga en Harm Hansma Amendement PvdA betreffende: Programmabegroting 2010 De raad van de gemeente Leeuwarderadeel in vergadering bijeen op 4 november 2010 Gelezen de Programmabegroting 2011 1. Overwegende dat 1.1 het college de raad verzoekt structureel geld beschikbaar te stellen voor het Dorpenfonds 1.2 het gewenst is om structureel geld beschikbaar te stellen om de door het College voorgestelde bezuiniging van 5.000 op de verstrekking van zwemkaarten aan inwoners met een minimum inkomen te bezuinigen, niet uit te voeren 2. Concludeert dat 2.1 het op basis van onder 1.1 en 1.2 vermelde overwegingen gewenst is om in de voorliggende conceptbegroting 2011 structureel geld vrij te maken 3. Tevens overwegende dat 3.1 de gemeente heeft besloten om in het kader van de noodzakelijke bezuinigingen de bijdrage aan een groot aantal organisaties en instellingen, die belangrijk zijn voor het welzijn van een groot aantal inwoners, te verlagen of geheel in te trekken

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 19