stypje. Der komme lykwols tefolle kosten foar rekken fan de gemeente. Dielgebiet 6, de parkearplakken, soenen neffens it stik net folle te meitsjen hawwe mei de Aldi. Mar dy hat der ek foardiel fan en derom soe de helte derfan ek troch de Aldi betelle wurde moatte. Dielgebiet 7, oangeande u.o. de werskikking fan in rige parkearplakken, is yn de eagen fan it CDA in 100% taak fan de Aldi. De gemeente ferswierret de tagongswei al. De foarstellen fan it CDA bringe foar de gemeente mei-inoar in besparring fan 27.000 euro. As de Aldi it foar minder realiseajre kin dat is dat in foardiel foar harsels. De gemeente moat der dus net mear as 45.000 euro oan besteegje. Men wol mei it each op de oare winkels gjin presedintwurking. De hear De Kroon (PvdA): It plan is goed foar de gemeente, foar Stiens en foar de omwenners. Der soenen neffens de CROW-noarm 23 ekstra parkearplakken komme moatte. Mar der is al behoarlik wat parkearromte op it Vitusplein. Binne dy 23 plakken dan wol nedich? By de oare winkels moat men parkeare op it eigen terrein fan de winkels. Doocht de behanneling fan de Aldi dan wol troch parkearplakken oan te bieden? Yn it totaalbedrach sit ek 40.000 euro foar de parkearfakken dy't de Aldi op eigen gran oanleit. Dat is in ynvestearring fan de Aldi op it eigen parkearterrein. Dat is neffens de PvdA gjin iepenbier gebiet. De gemeente moat fansels wol meiwurkje oan it plan. De gemeente soe lykwols har beheine moatte ta it iepenbier gebiet. Dat is de oanlis fan iepenbier grien en de oanrydrute dy't ferswierre wurde moat. De hiele operaasje fan parkearplakken achter it underwiisgebou en de biblioteek sjocht de PvdA net sitten. Dan soe men better sjen kinne nei it plak foar it underwiisgebou. Men komt yn syn plannen dan op sa'n 30.000 euro oan kosten foar de gemeente ut. De ried moat him it advys fan de ofdieling finansjes oanluke dat men by in bydrage fan 80.000 euro gjin romte foar oare inisjativen hat. De hear Tuininga (FNP): De FNP fynt dat it in goed plan wurden is. It kostet lykwols nochal wat. It mei de undemimming ek wol wat kostje. De FNP sjocht gjin needsaak foar dielgebiet 1 en 2. Dielgebiet 3 is neffens de FNP foar rekken fan de Aldi. Dat jildt ek foar dielgebiet 4. Dielgebiet 5, de oanrydrute, is kwa bedrach net sa heech, mar soe ek rjochting Aldi moatte. Wurdt it gebou eigendom fan de Aldi? Moat de oanrydrute lykwols fia dy rate? Dielgebiet 6 jout oan dat der 4 parkearplakken by komme moatte en dat liket de FNP net nedich. Dielgebiet 7: Poiesz en Lidl hawwe har eigen parkearplakken en derom kin de FNP har net fine yn dielgebiet 7. Soe men de grun ek oan de Aldi ferkeapje kinne? Dan is men ek fan de oerlest of. De FNP is net foar in blauwe sone. De FNP is der net op tsjin dat de Aldi de direksje oernimme wol. De hear Ketellapper(GBL): GBL is bliid mei it plan. It uteinlike bedrach is GBL ek te heech. Hy wol de antwurden fan de wethalder graach hearre. As men as undemimmer de meiwurking fan de gemeente krijt, dan soe der oer te praten weze moatte. Men moat allinne oan dat meibetelje wat fan de gemeente is. Wethalder Keizer: De beide aide huzen oan de Buterhoek geane plat. De gemeente hat oandacht ffege foar de byldkwaliteit en der is in arsjitekt oer gear. Yn in oare gemeente is it oerdragen fan de direksje oan de Aldi goed beteard, mar men moat fansels wol goede ofspraken meitsje. It utgongspunt fan de gemeente wie rommer as no op papier stiet. De ried hat it kolleezje foar

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 31