de underhannelings in mandaat meijun en oan de stelde marzjes hat it kolleezje foldien. De biblioteek en it underwiisgebou bliuwe buten skot. It eardere plan wie net helber en derom is der no in beheind plan kommen. Der koe ek gjin bebouwing boppe de Aldi kommen omdat de oerspanning oars te djoer utfalle soe. It nije grien is marzjinaal en underhaldsfreonlik. De Aldi hat de mooglikheid fan de blauwe sone neamd. It kolleezje is der noch gjin foarstanner fan en wol earst Herder undersyk ofwachtsje. Dielgebiet 6 soe in protte kostje en in bytsje opsmite. Der komme 10 parkearplakken mear en dat is yn syn eagen in substansjele ferromming. De CROW-noarm komt ut op 23 parkearplakken. Der komme netto 34 plakken by oer it hiele gebiet rekkene. Dielgebiet 6 is foar it grutste part foar de Skalm, de biblioteek en it underwiisgebou. De gemeente moat bedriuwen ek yn steat stelle om de befoarrieding goed utfiere te kinnen. By Poiesz/Lidl is doedestiids gran oerdroegen en dat jild is opnij ynvestearre. Dertroch koe it iepenbiere gebiet, ek mei ekstem jild, goed ynrjochte wurde. Dat hat ek hjir it liedend motyf west foar de bydrage fan de gemeente. Dielgebiet 1 en 2 binne ek opfierd om it oandiel fan de gemeente wat omheech te bringen. By in ferhalding 25/75 hie de Aldi neffens him nee sein. De hear De Kroon (PvdA): De sinten dy't de gemeente krigen hat fan Poiesz binne wer ynvestearre yn it iepenbiere gebiet. Hjir wurdt gjin grun ferkocht en soe de gemeente har beheine kinne ta it oanklaaien mei grien. Wethalder Keizer: Hy wol dan wol fan de ried witte wat dy fynt fan de suggestje fan de FNP om in diel fan de grun te ferkeapjen. De PvdA is dus gjin foarstanner fan it lizzen fan de direksje by de Aldi. De hear De Kroon (PvdA): Hy is tsjin de opslach fan 50%. Hy is der wis fan dat de Aldi der tige goed mei ut is. De noarm fan de 23 parkearplakken is nommen op basis fan in teory. Der binne lykwols foar it totale gebiet al rojaal parkearplakken. Dielgebiet 4 is op grun fan de Aldi. Wethalder Keizer: It antwurd op it tal parkearplakken kin er net jaan. De Aldi betellet hiel dielgebiet 4 en dy meitsje dat ta iepenbier parkearterrein. De hear De Kroon (PvdA): Yn it listke giet it om it iepenbiere gebiet. Moat men dy parkearplakken op gran fan de Aldi dan wol meirekkenje? Wethalder Keizer: It bliuwe iepenbiere parkearplakken. Dielgebiet 3 en 4 binne alhiel foar de Aldi. De gemeente hat derop oantrane dat de befoarrieding op it neamde plak bart, sadat it eardere gebou fan Talant in bettere utstrieling krijt. Hy wol graach fan de oare fraksjes witte wat dy fine fan de suggestje fan de FNP fan de ferkeap fan de gran. Twadde termyn De hear Ketellapper(GBL): GBL kin har yn in protte dingen fine. Der hawwe underhannelings plakfun en no soe de wethalder wer werom moatte nei de underhannelingstafel. Men is binnen de begratting bleaun. Yn de underhannelings giet men hyltyd fierder. As men de gran ferkeapet dan komt it yn de pot fan de algemiene reserve. Poiesz en Lidl hawwe doedestiids de gran kocht en de gemeente hat de sinten der wer

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 32