ynvestearre. Miskien moat de biblioteek wolris ferkocht wurde of moat it gebou utwreide wurde en dan soe men spyt hawwe fan wat men no fan plan is. Hy fynt dat de Aldi wol lef hat om oer de blauwe sone te praten. Hy soe wol mei de Aldi underhannelje wolle en dan tinkt er dat der in nei tefredenheid fan beide partijen goede oplossing komme soe. It is spitich dat it underwerp net earder yn de ried oan de oarder west hat. Der moat noch eefkes fleurich tsjinoan gien wurde om it finansjele plaatsje foar de gemeente wat geunstiger te meitsjen. Mei dat jild kin men wer saken opsette dy't spitigemoch de leste tiid lizzen bleaun binne. De hear L. Tilma (CD A): It is net sa dat de gemeente neat docht yn it foarstel fan it CD A. De gemeente soe neffens it CDA de befoarrieding oant de hoeke fan de winkel tabringe moatte. It CDA fielt har frij om kommintaar op de sifers te jaan. Der moat foarkommen wurde dat de Aldi har letter de parkearplakken taeigenje kin. It iepenbier gebiet moat fan de gemeente bliuwe. Der soe nochris in kear oer de parkearproblematyk wat detaillearder praat wurde moatte. De hear De Kroon (PvdA): Men hie as ried better foar de underhannelings kaders meijaan kinnen. De bydrage fan de gemeente moat foars leger utkomme. Dat kin it plan wol lije en de sinten kin men dan foar oare saken brake. It stik achter it underwiisburo soe men ferkeapje kinne oan de Aldi en dan soarget de gemeente foar it grien. De suggestje fan ferkeap soe men dus undersykje moatte. De blauwe sone moat men ut it pakket skrasse. De direksje kin de Aldi wol krije, mar dan foar gans minder jild. De hear Van Diggelen (WD): Een van de twee huizen zou volgens zijn informatie ergens anders opnieuw herbouwd worden. De WD kan het verzoek van andere partijen om een lagere bijdrage van de gemeente ondersteunen. De hear Tuininga (FNP): Men wit no net wat de eventuele ferkeap fan de gran achter de biblioteek opsmite sil. It is de fraach fan wa't de undergran is der't no op boud wurdt. Yn de plannen fan de FNP soenen de kosten fan de gemeente 18.000 euro weze. By ferkeap fan de gran kin men de oerlest ek beheine. Men soe ien en oar ris utrekkenje moatte. De FNP soe der graach nochris in ynformele gearkomste oer belizze wolle. Wethalder Keizer: Hy hat sa net paraat fan wa't de undergran is. Men sil de opsje fan ferkeap undersykje moatte. Iepenbier gebiet bliuwt iepenbier gebiet, ek by parkearplakken. De hear Ketellapper hat der muoite mei dat er sels net underhannelje kinnen hat. De blauwe sone is noch net oan de oarder. Dat is u.o. ofhinklik fan de utkomsten fan it parkearundersyk. Der is in sloopfergunning foar ien hus ferliend. De kosten foar de eventuele opbou binne net foar de gemeente. De bougran komt yn eigendom fan de Aldi. Men sil sa gau mooglik relevante ynformaasje oan de ried trochdwaan. De foarsitter: Er is behoefte aan een informele behandeling en daarom wil hij een derde termijn inlassen. Tredde termyn De hear De Kroon (PvdA): Men wol yndied earst in ynformele gearkomste mei de wethalder en de amtners foardat men ta de beslutfoarming komt. 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 33