LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 5A Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 4 novimber 2010 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju U.C. de Voogd (PvdA), J. Ennour (PvdA) en de hearen H. de Jager (CDA), J.E. Keuning (CDA), L. Tilma (CDA), K. Kielstra (WD), D. van Diggelen (WD), H. de Kroon (PvdA), P. van der Werff (PvdA), J.W. Tuininga (FNP), F. Dijkstra (FNP), H. Hansma (FNP), W.F. Ekas (GBL), L.G.G.P. Flermans (GBL) en R.A. Ketellapper (GBL). Ut it kolleezje fan B W: de hear E.J. ter Keurs (boargemaster), mefrou A. Wachter-van Veen (wethalder) en de hearen M. de Haan (wethalder) en J.S. Keizer (wethalder). Griffier: mefrou G. J. Olthof. I. Iepening en meidielings foarsitter De voorzitter opent de vergadering. Hij dankt de Britsumers voor hun muzikale inbreng voorafgaand aan de opening van de vergadering. 2. Feststellen wurklist De foarsitter: Er wordt afscheid genomen van mevrouw Ennour als raadslid. Dat zal aan het einde van de vergadering plaatsvinden. 3. Ynsprekrjocht boargers Der binne gjin ynsprekkers. 4. Fragehealoere riedsleden De hear H. Hansma (FNP): Yn it ramt fan snelheidsbeperking is der in fersmelling oanlein op de trijesprong Martenawei Skeltedyk. Dit is yn oerlis mei skoalle, doarpsbelang Jelsum/Koamjum en de ferkears-kommisje bard. Der waard te hurd riden op de Skeltedyk en it ferkear fan ut Britsum stode troch de binnenbocht de Martenawei op. It probleem like dermei oplost, mar no komt it ferkear fan de Martenawei ynienen op in peal of dy't men net of te let stean sjocht. Resultaat is al ferskate oanridingen, skea en reparaasjekosten foar de gemeente. It soe twa oarsaken hawwe kinne: de peal is net heech genoch of de boskjes binne te heech. De FNP freget oft hjir neat oan te dwaan is? Wethalder Keizer: It probleem is bekend. De strukjes binne ta in minimumnivo werombrocht. Men lest de buorden tige min. Hy wol ien en oar ofwachtsje. Miskien wurde de roazebottels troch gers ferfongen. De hear H. Hansma (FNP): Hy hat yndied sjoen dat de boskjes leger wurden binne, mar de peal wie foar syn gefoel noch net bot heger. Hy wiist op in gelikense situaasje by de Pirn Mulierwei, der't wol sa'n hegere peal stiet.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 4