De hear Dijkstra (FNP): Men is al 15/20 jier te set mei Aldlan. Yn 1999 binne der ofspraken makke mei de provinsje en yn BOSL-ferban en derby kaam de untwikkeling fan Aldlan II under druk omdat Ljouwert huzen bouwe woe. Yn 2009 wie dy oerienkomst ofrun en dan makket men wer nije plannen: men mei yn totaal 350 huzen bouwe yn de beide fazen. It foaruntwerp kin foar de ynspraak nei buten ta. Der sit genoch munysje yn foar de boarger om der in oardiel oer te jaan. Letter komt de wetlike WRO-proseduere en dan binne der beswier- en beropsmooglikheden foar de boarger. De provinsje hat yn syn eagen de krimp twa kear ekstrapoleard nei de takomst ta. Foar de FNP kin it foar de ynspraak frijjun wurde. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA leaut yn de plannen fan de Steens. Der is yn Ljouwerteradiel ferlet fan sosjale hierwennings. Men krijt minder fan datsoarte wennings omdat de wenningboukorporaasje dy ek ferkeapet. In grut part binne ek goedkeape keapwennings en dermei bout men ek foar de nije tiid. De PvdA krijt ek hyltyd mear fertrouwen yn Nieuwe Borg en it proses. It konsept jout de boargers de kans om der ferstannich mei elkoar oer te praten. Der is neffens him al foar in part oan de beswieren temjitte kommen omdat de minsken op it eigen hiem parkeare moatte. Yn de ijochting fan GBL: Men hat as politike partij wol de plicht om no al mei de boargers mei te tinken oer it plan. Der is neffens de PvdA in mjitber ferlet fan huzen yn de kommende jierren. De oankundiging yn de Stienser Omroeper foldie oan de wetlike easken, mar de gewoane boarger snapte der neat fan. Der stie bygelyks 'Er kan geen zienswijze worden ingediend' wylst men wol in miening jaan mocht. Dat gat tusken gemeentehus en boarger moat men troch in bettere 'fertaling' lytser meitsje. Der untstiene ek gans geruchten. Sa soe der in kafee komme yn de Steens. Nei lang sykjen hat er allinne dit fun: 'Er is een lichte recreatie van 50 m2'. De mjittings jouwe oan dat de ferkearsdruk tanimt. Sels mei 300%, mar hoe drok is dat eins? No komt men op de Bregeleane noait in auto tsjin. It plan jout perspektyf oan de gemeente. Hy fynt dat de bewenners fan de Bregeleane in ferkeard byld oproppe en de eigen saak skea dogge troch der alderhanne oare saken by te heljen. De gemeente moat iepenstean foar it troch inoar wenjen. Dat is foar de PvdA fan prinsipieel belang. Yn in iepen dialooch wol men dan fierder saken tsjinoar ofwage. De PvdA is foar it op besjen lizzen fan it plan. De hear L. Tilma (CDA): De kompliminten foar it ferhaal fan de hear De Kroon. It is in solide plan en men bout foar in merk dy't der is. It is it foaruntwerp fan in bestimmingsplan en it wie neffens him goed te lezen. It is tige detailleard en men kin der best wat fan fine. Der komt mear bewenne gebiet en minder butengebiet. Hy hopet dat de bewenners der goed nei sjogge. Hy ropt de neiste bewenners op om op 22 febrewaris by de foarljochtingsgearkomste te kommen. It plan kin foar it CDA fierder. Wethalder Keizer: Hy is oer it generaal bliid mei de makke opmerkings en benammen mei de leste opmerkings fan de hear De Kroon. De fraksjes moatte tidich har ideeen oer it plan kenber meitsje sadat dy mooglik in plak yn it untwerp krije kinne. Der binne ofspraken makke, mar hy hopet net dat ien en oar liede sil ta de einkwalifikaasje fan unbehoarlik bestjoer. It sombere byld fan de hear Kielstra ferheft de gemeente net. De moedwillige untwikkelings yn de statistiken spylje fan 1999 of hyltyd mei, mar uteinlik is men gelokkich ta goede ofspraken mei Ljouwert komme kinnen. Hy hat de advertinsje yn de Stienser Omroeper sels ek twa kear leze moatten en wie net gelokkich mei de oanbeane setting. It kolleezje sil it deroer hawwe en besykje it dudliker te meitsjen. Der komme ynfojunen om de boarger te ynformeaijen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 10