LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 5B Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 17 febrewaris 2011 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju C.G. Bijsterbosch (PvdA), U.C. de Voogd (PvdA) en de hearen H. de Jager (CDA), J.E. Keuning (CDA), L. Tilma (CDA), K. Kielstra (VVD), D. van Diggelen (VVD), H. de Kroon (PvdA), P. van der Werff (PvdA), J.W. Tuininga (FNP), F. Dijkstra (FNP), H. Hansma (FNP), W.F. Ekas (GBL), L.G.G.P. Hermans (GBL) en R.A. Ketellapper (plakferfangend foarsitter, GBL). Ut it kolleezje fan B W: mefrou A. Wachter-van Veen (wethalder) en de hearen M. de Haan (wethalder) en J.S. Keizer (wethalder). GrifFier: mefrou G. J. Olthof. 1. Iepening en meidielings plf. foarsitter De foarsitter iepenet de gearkomste en hyt elkenien, ek de harkers fan radio Middelsee, wolkom. 2. Feststellen wurklist De foarsitter: Agindapunt 11 wurdt ynlutsen fanwegen in ferkearde tekst yn it stik. It giet opiniearjend nei de riedsgearkomste fan 17 maart 2011. Der wienen twa amendeminten binnenkommen fan GBL en de VVD oer it foaruntwerp bestimmingsplan Stiens. Omdat der noch te min dudlikheid is oer de matearje sille ek agindapunt 12 dizzejun net behannele wurde. It giet beslutformjend nei de riedsgearkomste fan 17 maart 2011. De hear Dijkstra (FNP): Men sit ek noch mar yn de ynspraakproseduere en amendeminten hearre by in romtelike oardering proseduere. De hear De Kroon (PvdA): It giet u.o. ek oer winkels ensafuorthinne. De PvdA hat der ferlet fan om der ris in jun mei de undemimmers (OVL) oer te praten. 3. Ynsprekrjocht boargers Der binne gjin ynsprekkers. 4. Fragehealoere riedsleden De hear Ekas (GBL): De laatste tijd ontvangen de politieke partijen afschriften van correspondentie tussen de heren B. en P. Tienstra en de gemeente Leeuwarderadeel over onderwerpen aangaande de jachthaven in Britsum. I

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 14