De foarsitter: Geeft de gelegenheid tot het stellen van vragen. De hear De Kroon (PvdA): Hat it plan ynfloed op de omjouwing fan meffou Bouma? Mefrou Boonstra: Sa'n grutte pleats moat net oan dy kant fan it doarp sa ticht by de bebouwing komme. Men wol der gjin megastal hawwe. 9. Projektbeslut oprjochtsjen lisboksstal Bredyk 2 yn Stiens De hear L. Tilma (CDA): It giet om in foaruntwerp. Der is frijstelling nedich om mei sa'n omfang te bouwen. It bedriuw stiet ticht by it doarp. In fersyk om ferpleatsing soe foar it CDA ek wol yn oarder weze, mar dat sil wol net reeel weze. De CDA-ffaksje wol lykwols wol meiwurkje oan it plan. Hy is bliid dat der praat is troch gemeente, provinsje en famylje De Boer en dat der omtinken is foar de utgongspunten fan Nije Pleats. It CDA wol graach utlis hawwe oer de ferskillende getallen oangeande it oerflak. De hear Ekas (GBL): Hij kan zich bij het laatste aansluiten. Waar ligt de echte waarheid? Hij kan zich herinneren uit de eerdere discussies bij de hoorcommissies dat er een ontheffing tot 10.000 m2 was en dat de familie De Boer daar voorlopig wel mee uit de voeten kon. Nu gaat het om een uitloop naar 11.500 m2. Een gewone burger heeft bij een bouwaanvraag/uitbreiding al gauw met een 'njet' te maken. De gemeente moet ook zijn geloofwaardigheid behouden. Anders kunnen er binnenkort weer nieuwe aanvragen komen. Men moet het toetsen aan de wetgeving en slechts sporadisch uitzonderingen toestaan. Men zit met 15.000 m2 zo'n 4000 m2 boven de eerder gemaakte afspraken. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA hat der wiidweidich nei sjoen. Men hat respekt foar it bedriuw fan de famylje De Boer dat in ryk ferline hat. Yn it foarstel wurdt steld om yn te stimmen mei it projektbeslut. Dat is lykwols in LTO-advys en gjin gemeentlik advys. Is dat dan juridysk wol haldber? It oerflak fan de bebouwing is 11.500 m2. Der is yn de brief oan de boargers hast 4000 m2 meiteld oan sleufsilo's en in dongbassin. Is dat wol korrekt dat dy net meiteld wurde yn de bebouwing? Der stiet ek in maksimumoerflak foar it hiem yn it bestimmingsplan. Moat der no romte socht wurde foar in grutter hiem? Oerskriding fan it bestimmingsplan kin men allinne tastean as alles goed ynpast is en dus moat it foldwaan oan de Nije Pleats. Hus en Hiem hat it plan goedkard en Lanskipsbehear Fryslan hat it lanskipsplan tekene. Dat is lykwols te koart troch de bocht, want Nije Pleats giet derfan ut dat alle belutsen minsken by elkoar komme yn in sesje en demei jout Nije Pleats in advys. Sa'n sesje hat der net west. Der moat dus in bettere underbouwing komme. Men mist in tal ofwagings. Wol men op nei 1000 kij? Hat it bedriuw genoch gerslan yn de buert? It bedriuw sit frij ticht by it doarp dat under de sudwestewyn leit. Men moat hinder foar omwenners tefoaren weze. De PvdA is yn prinsipe foar it projektbeslut, mar freget him de hjirboppe neamde saken of. De hear Dijkstra (FNP): De twa earste punten fan it beslut hawwe neat mei de romtlike proseduere te krijen en dy kinne om de FNP wol fierder. Punt 3 is wol in WRO-proseduere. Der binne ferskillende oerflakmaten fan ferskillende ofdielingen en dat jout betizing. Men hat wol 5 jier te set west mei it bestimmingsplan butengebiet en doe't dat oan 'e kant wie, wienen

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 30