in tal saken al wer ynhelle. Der komme pleatsen frij en foar de boeren dy't oerbliuwe nimme de bedriuwen yn untwikkeling ta. Der is doe ek al praat oer 12.000 m2. Wat mear as 10.000 m2 wurde woe, soe allinne fia de frijstelling ferrinne kinne. Dat tiidsferrin is neffens him ek it probleem fan de Nije Pleats, want de plannen fan de famylje De Boer wienen der al earder as de Nije Pleats. De hear Van Diggelen (WD): De WD heeft geen problemen met de instemming met het projectbesluit. Het voldoet o.a. aan de eisen van de Nije Pleats en de regelgeving. Wei wil de WD meer duidelijkheid over de verschillende cijfers. Wethalder Keizer: It oerflak fan 6000 m2 kaam lit it aide bestimmingsplan butengebiet. Letter waard it yn it parsjeel wersjoene bestimmingsplan butengebiet 10.000 m2. De Rie fan Steat hat dat net as maksimum steld. It giet no net om in frijstelling mar om it fieren fan in proseduere foar in projektbeslut en dermei makket men foar in diel in nij bestimmingsplan. De ofstanskritearia hawwe neffens him neat te meitsjen mei it tal kij. Men moat falide romtlike oarderingsarguminten hantearje en it oerflak oan gerslan fait der net under. De gemeente skriuwt gjin romtlike underbouwingen en de boer hat derta de LTO yn 'e earm nommen en dy underbouwing heakket it kolleezje oan it foarstel ta. Itselde jildt foar de kritearia fan de Nije Pleats en Landschapsbeheer Friesland. Dermei fynt it kolleezje it feilich om it sa oan de ried foar te lizzen. It bedriuw sjocht kansen foar in projektbeslut en hat der it nedige foar oer en der is dan ek gjin sprake fan dat it bedriuw mear rjochten hawwe soe as de gemiddelde boarger. De sleufsilo's en it dongbassin hoege net meiteld te wurden. De oerflak fan it hiem moat fia it projektbeslut regele wurde. Hus en Hiem sprekt him benammen ut oer it gebou en Landschapsbeheer Friesland hat benammen sjoen nei de ynpassing yn it lanskip. Der kin betizing kommen weze troch it hantearjen fan ferskillende sifers troch ferskillende ofdielings. Twadde termyn De hear L. Tilma (CDA): Hy hat no mear dudlikheid oer de oerflakken. Mar hoe sit it mei it totale oerflak fan it boublok? Hoe sit it no krekt mei it plak fan de Nije Pleats? It CD A hat gjin problemen mei de omfang fan it buorkjen, omdat it ek foardielen foar it fee hat. It CDA- ffaksje kin mei it foaruntwerp ynstimme. De hear Ekas (GBL): Heeft de gemeente aandacht geschonken aan een mogelijkheid voor het bouwen van de stal bij de andere nabijgelegen boerderij? Men moet vanwege de zorgvuldigheid ervoor oppassen dat men niet willekeurig te werk gaat. De hear De Kroon (PvdA): Yn de dialooch soe men ek sjen moatte oft men it doarp wat yn 'e mjitte komme kin. Yn de riedsstikken stiet dat men ynstimme moat mei it foaruntwerp projektbeslut, mar dat foaruntwerp koe er net fine en dan is it lestich om in beslut te nimmen. Men moat wol underbouwe werom't it hiem grutter wurde moatte soe. Hy ferskilt prinsipjeel fan miening oer de rol fan de Nije Pleats. Der stiet yn de underbouwing 'dat het bouwplan in overleg met de gemeente niet voorgelegd is aan de werkgroep (Nije Pleats)'. Omdat Hus en Hiem der al oer gear west hie. Foardat Nije Pleats der wie, wie Hus en Hiem yndied ferantwurdlik foar sokke saken. Nije Pleats stiet in yntegrale benadering foar. Sa'n diskusje fan saakkundigen jout in bettere underbouwing fan it plan. It is te simpel om te sizzen dat men mei it advys fan Hus en Hiem ta kin. Op himsels is de PvdA net tsjin it plan, mar de underbouwing moat sterker. De hear Dijkstra (FNP): Hy komt werom op de earste twa punten. Dy steane los fan de WRO-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 31