LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 17 maart 2011 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 10. Miljeuprogramma 2011 De hear De Jager (CD A): It CD A is bliid mei it nije miljeuprogramma. It giet om in stik soarchfaldigens. De hear Ekas (GBL): GBL is ook blij met het stuk. Is de lijst van ondememingen wel volledig? Het zwembad staat er niet bij. De hear P.van der Werff (PvdA): De PvdA is akkoart. Foar it underdiel kommunikaasje (NME) wurde 50 oeren (3150 euro) reserveard. Der wie earder in besuniging fan 10.000 euro foar oannommen. Hoe sit dat no krekt? De hear Kielstra (WD): De WD is akkoord met het plan. Hoe zit het met bedrijven die niet op de lijst staan? Worden die ook gecontroleerd? Er is een brief van LTO over een verzoek tot opschorting handhaving gasolietankvervanging. Hij verzoekt dit verzoek in de handhavingsprocedure mee te nemen. De hear Tuininga (FNP): De FNP kin wol mei it stik ut de fuotten. Der binne trije bedriuwen, der't ien al net mear fan bestiet en de oare binne gjin bedriuwen, want dy binne net ynskreaun by de Keamer fan Keaphannel. Dy kinne der wol of; dat skeelt 3000 euro. Wethalder Keizer: Hy is wiis mei de ynstimming fan de ried. De nammen op de list binne de bedriuwen dy't yn 2011 besocht wurde. De ynspeksje moat konstatearje kinne dat der gjin bedriuwichheid (by bestimming wenjen-wurkjen) is en derom binne bepaalde adressen opnommen. It giet yn de brief fan LTO om ferfanging fan gasoaljetanks dy't noch gjin mangat hawwe. De LTO wol dat opskowe yn 'e tiid en dat fersyk sil men oan de MAD meijaan. Op de MNE wurdt mei yngong fan 2012 10000 euro besunige. De MAD skriuwt de 3150 euro noch foar 2011. Twadde termyn De hear Tuininga (FNP): Dan soenen der wol mear minsken weze dy't bedriuwichheid hawwe kinne soenen. De troch him bedoelde minsken hawwe gjin bedriuw. Wethalder Keizer: It giet der ek om dat der neffens it bestimmingsplan in bedriuw sitte mei. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 43