LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 17 maart 2011 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 12. Prinsipefersyk bedriuwsferpleatsing agrarysk bedriuw fam. Hettinga yn Koarnjum De hear Ekas (GBL): Het is een prima idee. Misschien kan de vrijkomende boerderij omgebouwd worden tot appartementen. De hear H. Hansma (FNP): It giet om de ferpleatsing fan it bedriuw. It kaartsje wie net al te dudlik. Hy wiist derop dat de nije tagongswei yn de bocht komt en dat dermei in stikje ferkearsfeiligens anneks is. De hear L. Tilma (CD A): It CD A is tige ynnommen mei it plan. Wat is de famylje/eigner fan doel mei de aide gebouwen? Men hat der net safolle oer te sizzen, mar it plak soe net fersloere moatte. De hear P.van der Werff (PvdA): De PvdA is ek kontint mei de no beane mooglikheden. De earste trije betingsten binne spikerhurd. Mar by de leste betingst stiet 'dat de uitgangspunten van het Nije Pleats-advies in acht worden genomen.' De famylje wie oars tige kontint mei de wurkwize fan de Nije Pleats. Werom soe it kolleezje der net delsette 'dat de uitgangspunten en de adviezen van de Nije Pleats worden uitgevoerd'? De hear Kielstra (WD): Het is een goed plan. Men moet wel aandacht hebben voor de herbestemming van de gebouwen. Wethalder Keizer: Hy is bliid mei de positive opstelling fan de ried. Der wurdt goed sjoen nei de tagongsdyk yn 'e bocht oangeande de feilichheid. De gemeente sil meitinke oer de mooglike ynfolling fan it frijkommende stee. It inisjatyf moat lykwols fan de eigner komme. It konsept Luchthavenbesluit jout mear mooglikheden foar Jelsum en Koamjum om iepen gatten op te foljen. Hy hat deroer oerlis han mei PB. As de ried leaver hat dat der komt te stean dat de utgongspunten fan de Nije Pleats utfierd wurde moatte dan hat er der neat op tsjin. Twadde termyn De hear P.van der Werff (PvdA): Heakje dat leste deroan ta. De hear H. Hansma (FNP): Hy soe as nije bestimming foar it gebou der gjin maneezje yn hawwe wolle. Wethalder Keizer: Men sil derom tinke dat it passe moat by de omjouwing. De foarsitter: Er wordt onder amendering van de tekst unaniem conform het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 79