wol hiel oars utsjen kinne. Men kin better wachtsje oant de prognoazes better binne. It moat in projekt wurde der't men breed achter stiet. Men moat j in lykwols wol halde oan de ofspraken. De hear De Kroon (PvdA): As men dus oantoane kin dat der ferlet oan huzen is dan bliuwt as keam oer dat der ferset is tsjin it soart bewenners. De hear Klaver: As de prognoazes yndied troch ynstansjes as provinsje en gemeente droegen wurde dan hat men der an sich gjin problemen mei dat der in utwreiding by Stiens-East komt. De hear Tuininga (FNP): Binne der ofspraken mei de gemeente makke en steane dy swart- op-wyt? Hoe sit it no krekt mei de wenningstichting? Wat foar rapporten hat men der by han? Net allinne dy fan de provinsje? De hear Klaver: Der binne by de keap fan de kavels doedestiids bepaalde easken steld. Der wie earder in fytspaad op yntekene, mar dat paad is der net mear. De makke ofspraken wol er wolris swart-op-wyt meinimmc. De wenningstichting wol net meidwaan omdat der gjin fraach wie. Yn de wenfisy stiet no dat men net meidwaan wol om finansjele redenen en dat is net wier. De wenningstichting hat in kwart miljard euro te besteegjen, mar wol dat net foar dit plak utjaan. Men hat alle rapporten meinommen. Yn it ferfolch fan de wenfisy komt er mei mear ynformaasje. De hear Keuning (CDA): De Bregeleane soe gjin Bregeleane mear weze. Mar dat fait neffens him as er op de plaatsjes fan it plan ofgiet wol ta. De hear Klaver: Op syn leste plaatsje stiet it autoblik tusken de beammen. As it sa wurde soe as de hear Keuning sketst dan is men yn alle gefallen op 'e goede wei. De hear Ekas (GBL): Het verhaal is duidelijk, maar men moet er op dit moment niet verder inhoudelijk op ingaan. De hear Kielstra (VVD): Hij sluit zich hierbij aan. Het is een eerste stap in een lang proces. De foarsitter: Hy stelt dat de ried oan in ynsprekker ffagen stelle mei en der wie blykber ferlet fan.. 4. Fragehealoere riedsleden Gjin ffagen of opmerkingen. YNFORMEARJEND UNDERDIEL 5. Ynkommen stikken (lizze op besjen) Gjin ffagen of opmerkingen. 6. Ynkommen stikken ut it kolleezje fan b&w oan 'e ried Mefrou De Voogd (PvdA): Zij wil graag het woord voeren over de Besluitenlijst van 18 januari 2011 met betrekking tot nr. 4 Grondgebied. Hoe staat het met de skatebaan? Hoe is de communicatie met de buurtbewoners? Wethalder Keizer: De belanghawwenden oan de Griene Leane en de Ophirstrjitte hawwe

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 8