Wethalder Keizer: Hy is bliid mei de positive opstelling fan de ried. Der wurdt goed sjoen nei de tagongsdyk yn 'e bocht oangeande de feilichheid. De gemeente sil meitinke oer de mooglike ynfolling fan it frijkommende stee. It inisjatyf moat lykwols fan de eigner komme. It konsept Luchthavenbesluit jout mear mooglikheden foar Jelsum en Koamjum om iepen gatten op te foljen. Hy hat deroer oerlis han mei PB. As de ried leaver hat dat der komt te stean dat de utgongspunten fan de Nije Pleats utfierd wurde moatte dan hat er der neat op tsjin. Twadde termyn De hear P.van der Werff (PvdA): Heakje dat leste deroan ta. De hear H. Hansma (FNP): Hy soe as nije bestimming foar it gebou der gjin maneezje yn hawwe wolle. Wethalder Keizer: Men sil derom tinke dat it passe moat by de omjouwing. De foarsitter: Er wordt onder amendering van de tekst unaniem conform het voorstel besloten. Het raadsbesluit onder het laatste gedachtenstreepje luidt hiermee als volgt: Dat de uitgangspunten van het Nije Pleats advies worden uitgevoerd. 13. Kontrdleprotokol 2010 De hear Keuning (CDA): It is in adekwaat stik dat ta in goede kontrole fan de jierrekken 2010 liedt. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA slut har derby oan. De hear Dijkstra (FNP): Lyksa. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. 14. Mienskiplike oanbesteging fan akkountantstsjinsten De hear Keuning (CDA): Dizze oanbesteging leit us gjin wynaaien. De besparring soe meinommen wurde moatte yn it oanbelangjende Excelbestan. It CD A stiet achter it foarstel. De hear Ekas (GBL): Het voldoet aan de wettelijke kaders en levert ook nog wat op. GBL kan ermee akkoord gaan. De hear H. Hansma (FNP): De FNP kin der ek mei akkoart gean. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. Hij zegt toe dat de besparing in het gewenste Excelbestand zal worden opgenomen. 15. De Marrekrite: Taken en Bydragestruktuer Lanrekreaasjeskip De hear Kielstra (YVD): De verdeelsleutel pakt positief uit voor de gemeente. De routebordjes kunnen goedkoper ingekocht worden. De WD kan ermee akkoord gaan. De hear Tuininga (FNP): De FNP slut him derby oan. It smyt wer wat sinten op. Mefrou De Voogd (PvdA): De PvdA kan ook akkoord gaan met het voorstel.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 15