GEMEENTE LJOUWERTERADIEL 12 Stiens, 18april2011 Riedsgearkomste: 28 april 2011 Utstelnumer: 2011/ 22 Amtner: E-mail: Tillefoannr. H. Hiemstra h.Memstra@leeuwarderadeel.nl Underwerp: 058-257 66 14 Wetterplan Middelsee Gemeenten 2010-2015 Beslut dat nommen wurde moat: Dit stik wurdt oanbean om de rie de gelegenheid te jaan syn gefoelens te besprekken. Koarte ynhald: Op 21 desimber 2010 waard troch it kolleezje it "Waterplan Middelsee Gemeenten 2010- 2015" feststeld. Op 11 jannewaris 2011 waard dit plan foar kundskip oanbean oan 'e rie. De rie hat oanjun dit plan op de wurklist hawwe te wollen om harren gefoelens hjiroer beprate te kinnen. Om dy reden wurdt it plan no foarlein. It plan is opsteld ta utwurking fan it Nationaal Bestuursakkoord Water (NBW). Yn dit plan hawwe gemeenten tasein om yn gearwurking mei it Wetterskip in Wetterplan op te stellen. Op us imsjatyf is dit mienskiplik yn Middelsee ferban dien. It plan hat dan ek in mienskiplik kader krige en fierder foar elke gemeente in eigen utwurking. Arguminten: It plan rjochtet Mm op: In oersicht jaan fan de belied- untwikkelingen yn it wetterbehear, dy't de gemeenten reitsje; In oersicht jaan fan oan wetter relatearre plannen en projekten, dy't al dan net mienskiplik oanpakt wurde kinne. It ferbetterjen en utwreidzjen fan de gearwurking tusken de gemeenten en mei it Wetterskip. Foar de feitlike ynhald ferwize wy nei it plan sels. Yn haadstik 6 is it mienskiplik part fan it plan ferwurde. De titel fan dit haadstik is "Wateragenda Middelsee Gemeenten". Dit part wurdt ek de feitlike basis foar de wurklist fan it takomstich oerlis en de gearwurking troch de fjouwer gemeenten mei it Wetterskip. Dy gearwurking wurdt fierder utbout op in feste struktuer foar amtlik en bestjoerlik oerlis. Yn in koart oersicht is fan de list yn haadstik 6 it foigjende te sizzen: A: dit proses is foar us noch net begun; de ferwachting is dat dit 2012 wurde sil. B: der wurdt socht nei in ienfaldige metoade om dit noch yn 2011 utfiere te kinnen. C: hat op dit stuit gjin hege prioriteit; sit foar in part ek yn it KRW-proses. Ynlieding:

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 38