LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 28 april 2011 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 12. Wetterplan Middelsee Gemeenten 2010-2015 De hear P.van der Werff (PvdA): It is net ferplichte. It is besteand belied. Foar Ljouwerteradiel is der gjin plan foar ofkeppeling. Werom net? Kin de list foar 2011 wol realisearre wurde? It giet derby ek om de eigen plannen fan de gemeente. Komt der dan in wersjoene ferzje? De hear L. Tilma (CDA): It is in prachtige opsomming fan alles wat der op dit med yn de gemeente bart/barre kin. Yn 2011 wurdt it wol hiel drok. Wethalder Keizer: It is hast net allegearre te dwaan yn 2011It jild is wolris baas. Men hat gjin fest plan foar ofkeppeling. By utwreidings en renovaasjes jout men der wol omtinken oan en dertroch foldocht men oan de ffege ynspanning. Twadde termvn De hear L. Tilma (CDA): Binne de problemen op de Kakewei al oplost mei wat men oant no ta dien hat fia ofkeppeling en berging? Men hat bepaalde tasizzingen dien. Wethalder Keizer: Hy ferunderstelt fan al. De hear Ketellapper(GBL): It is in prima plan. De ferskillende projekten sille yn 'e ried weromkomme. De hear Dijkstra (FNP): It sil jild kostje, mar de plannen binne der net foar neat. It giet derom dat it op de aginda komt. De Alvestederute hat ek 20 jier underweis west. De hear Ketellapper(GBL): Men moat dy dingen dwaan der't men tiid en jild yn stekke wol. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. De gevoelen van de raad zijn unaniem positief

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 41