LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 28 april 2011 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 14. Moasje PvdA De hear De Kroon (PvdA): De ried hat 7 moanne lyn ta gearwurking yn Middelseeferban besletten. Der is tuskentiids hiel wat feroare. De kommisje fan wizen wol Ljouwerteradiel by Ljouwert underbringe. Dat mei it each op de fersterking fan de lokale bestjoerskreft. GS sille yn petear mei de gemeenten gean en har referinsjekader is it rapport fan de kommisje fan wizen. De gemeente Frjentsjerteradiel kiest foar in gemeente Noardwest Fryslan. It kolleezje fan It Bilt wol no in fuzje. Der binne ynformele kontakten tusken Frjentsjerteradiel, Menameradiel en It Bilt. De bestjoerlike wrald is dus sterk yn beweging. De Middelseegemeenten binne al fan 2008 of dwaande mei in reorganisaasje fan it amtlik apparaat. It giet by de werskikking fan wurkplakken mar om sa'n trije/fjouwer minsken yn Ljouwerteradiel. De gearfoeging fan de amtners soe medio 2010 klear weze. Dat koe net realisearre wurde en doe is in nije datum feststeld: 1 jannewaris 2011. Dat is ek net helle en no is men noch net folle fierder. Dat jout oan dat de Middelseegemeenten gjin echte wil ta gearwurking fertoane. Fraksjefoarsitters fan Menameradiel wolle net prate mei de oare fraksjefoarsitters fan de Middelseegemeenten. It kolleezje soe in analyze fan de untwikkelingen meitsje moatte. Men moat der mei de ried oer prate foardat men as kolleezje mei Deputearre Steaten praat. Motie PvdA: De raad van de gemeente Leeuwarderadeel in vergadering bijeen op 28 april 2011, 5. Overwegende dat a. de raden van de Middelsee gemeenten in oktober 2010 hebben ingestemd met de "Notitie besluitvorming versterking samenwerking Middelsee gemeenten" met als doe! het behoud van de zelfstandigheid van de vier gemeenten gedurende 10 tot 15 jaar; 6. Tevens overwegende dat a. er sinds de besluitvorming door de vier Middelsee raden in oktober 2010 veel is veranderd; b. de Commissie van Wijzen van de provincie heeft geconcludeerd dat de huidige Middelsee samenwerking niet duurzaam bestendig is; c. de Commissie van Wijzen op het standpunt staat dat gemeente Leeuwarderadeel en een deeI van de gemeente Menaldumadeel met de gemeente Leeuwarden moeten worden samengevoegd; d. in het Coalitieakkoord van provincial staten staat dat de provincie haar regierol voor de versterking van de lokale bestuurskracht gaat opnemen en daarbij het rapport van de Commissie van Wijzen als referentiekader neemt;

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 49