LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 19 maaie 2011 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 12. Reaksje kolleezje op it rapport fan de Rekkenkeamerkommisje 'Vergelijking financiele soliditeit in Middelseegemeenten' De hear De Kroon (PvdA): Der binne 10 ferbettertips. Punt 3 omfiemet it advys om it finansjele belied te uniformearjen. It kolleezje seit dat men dat net foar de oare gemeenten dwaan kin. Wat fine de oare gemeenten derfan? Fierder de kompliminten foar de utfiering fan de oare 9 punten. De hear Keuning (CDA): Men is it iens mei de oanbefelling fan de rekkenkeamerkommisje. Der komt in bettere taljochting op de ynvestearingsprogramma's en der komt mear oandacht foar de gruneksploitaasjes. It CDA wachtet ek mei niget de nota Afschrijving en activeringsbeleid of. Yn de aktualisearre finansjele feroardering is wol sjoen nei it belied fan de Middelseegemeenten. Men hat as ried de mooglikheid om saken te ferlykjen. De solvabiliteit en likwiditeit sille dudliker foar it ljocht komme. De hear Dijkstra (FNP): It kin allinne mar better wurde en derom is de FNP akkoart. Boargemaster Boertjens: Met betrekking tot punt 3 merkt hij op dat men stap voor stap wil bekijken hoe men meer zaken beter op elkaar kan afstemmen. Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 108