GEMEENTE L J OU WERTERADIEL 11 Stiens, 30maaie2011 Riedsgearkomste: 9 juny 2011 Utstelnumer: 2011/ 30 Amtner: E-mail: Tillefoannr. H.Hiemstra h.hiemstra@leeuwarderadeel.nl 058-257 66 14 Underwerp: Bregebehearplan Beslut dat nommen wurde moat: Akkoard te gean mei de ynhald fan it rapport en mei it foarstel om de ferheging fan de jierlikse stoarting yn 'e foarsjenning en de ienmalige bystoarting fan 85.000,-- mei te nimmen bij de nije Nota Reserves en Voorzieningen. Ynlieding: Us bregebehear is basearre op in ynspeksje- rapport, opmakke troch yngenieurs- buro Westenberg, dat periodyk op 'e nij besjoen wurde moat. It no foarlizzende rapport foarmet de basis foar it behear en underhald foar de perioade 2010-2015. As oanfoljende opmerking: finansjeel sjoen is troch Behear/Finansjen in nije rekkenslach makke oer in perioade fan 20 jier. Dit om foar te kommen, dat it byld yn de kommende jierren te faak bysteld wurde moat. Arguminten: Eardere ynspeksjes giene utslutend oer de bregen. Foar alle oare eleminten (kaden, beskoeii'ngs, dukers) waard in taslach berekkene op grun fan in ruzing. Yn it no foarlizzend stik binne dy eleminten no ek meinommen yn de ynspeksje en binne ek de kosten foar behear en underhald yn it behear- programma ferwurke. De ynspeksje- gegevens wurde ferwurke yn in systeem mei de namme KIOS. Omdat op sommige plakken ynspeksje gjin doel hie (tink oan saken dy't yn it ramt fan de NER ynkoarten al oanpakt wurde) binne dy eleminten yn dit rapport net opnommen. Mar foar it behear en underhald binne dy wol yn KIOS opnommen. Se misse dus net. It rapport jout yn haadstik 1 in oersicht fan alle ynspektearre eleminten. Haadstik 2 jout in taljochting op de wurkwize/ de opset fan it rapport. Yn haadstik 3 wurde skea- bylden jun en wurdt ek de meast yn it each rinnende neamt, dy't op koarte termyn aksje ffeegje. Fierder slut dit haadstik of mei in oersicht fan de kosten oer de rintiid fan dit rapport. Haadstik 4 jout de konkluzjes en oanbefellings en lit ek de kapitaal- wearde sjen fan alle eleminten. De bylagen jouwe de "paspoarten" fan de underskate eleminten en de foarstelde maatregels en kosten. Kanttekenings: n.v.t.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 147