Der stiet yn it programma lokale ekonomy as doelstelling dat de undemimmers de gemeente underfine moatte as in kreative, meitinkende partner. De suggestje wurdt yn it jierwurk wekt dat men deryn slagget mei de bedriuwekontaktfuksjonaris. Dat is lykwols net sa. Yn de ranglist fan MKB-freonlikste gemeente stiet Ljouwerteradiel op plak 46 fan de 62 gemeenten. Is it kolleezje ree om yn gearwurking mei OVL in plan te meitsjen om der feroaring yn te bringen? De ferantwurding oer it underwiis leit op skema. It underhaldsnivo fan de sportfjilden soe yn 2010 op in akseptabel nivo lizze, mar dat jildt net foar it kuorbalijild fan Britsum. De gemeente en de stichting Wolwezen hawwe yn july 2010 in yntemetundersyk tinder jongeren opstart. De resultaten sille presintearre wurde yn 2011, mar men hat noch neat sjoen. Krijt men sa wol fertrouwen by de jongerein no't men hast al wer in jier fierder is? By romtlike oardering is de beskriuwing fan de nijbou by doarpen te somber. De gemeente hat dochs genoch ut 'e wei sette kinnen foar guon doarpen? De lokale heffingen. Yn it stik stiet dat Ljouwerteradiel in bepaald heffingspersintaazje fan de WOZ hat. Dat seit lykwols neat oer it bedrach dat de boarger betelje moat. Want dat is ek ofhinklik fan de wearde fan de wenning. Sokke heffingspersintaazjes hearre dan ek net thus yn it jierwurk, want it set de lezer op de ferkearde foet. De PvdA kin mei de bestimming fan it oerskot ynstimme. De hear Keuning (CDA): Men is bliid mei de goedkarring fan de akkountant en mei it positive saldo. Der binne fansels in protte winsken om der wat mei te dwaan. Dochs is it goed om it yn de algemiene reserve under te bringen. Der komme noch gans saken op de gemeente of u.o. as gefolch fan it bestjoersakkoart en de ferbune partijen. It wjerstansfermogen fan Ljouwerteradiel soe wol wat better kinne. De BOT-sesjes hawwe goed west, mar hat it foldwaande opbrocht? It CDA hat dus aardich wat soargen oer de takomst. De foarsitter: Hij stelt vast dat er instemming is met het resultaat. Er zijn ook vragen over het al of niet halen van de doelstellingen. De positie van de gemeente Leeuwarderadeel is inderdaad zodanig dat men het verstandig vindt om het positieve saldo te bestemmen voor de algemene reserve. Bij de woorden van de heer De Kroon over de Middelseesamenwerking hoorde hij ook een stuk herhaling van eerdere standpunten. De zaak is weerbarstiger dan men zich van tevoren heeft gerealiseerd. De gemeente spant zich in, maar de snelheid van de langzaamste bepaalt de voortgang van het proces. De hear De Kroon (PvdA): It jierwurk is derfoar om te ferantwurdzjen wat der al of net dien is. Hy wiist nochris op de troch him neamde kademota's oer de Middelseegearwurking. De foarsitter: Het hangt ervan hoe gedetailleerd men het wil hebben. In oktober 2010 heeft men het ook al over deze zaken gehad. Men moet zich tot de hoofdlijnen beperken. De hear De Kroon (PvdA): Yn it jierwurk wurde de feroarings werhelle. De 4 gemeenten hawwe ynstimd mei it projektplan. Der is lykwols neat fan telane kommen en dat moat men dochs ferantwurdzje? De negative untwikkeling oangeande de Middelseegearwurking wurdt verdonkeremaand' De foarsitter: Het komt er dan ook op aan wat voor opvattingen je over deze zaak hebt. Men probeert in het jaarwerk summier en sober de feiten weer te geven.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 24