De hear L. Tilma (CDA): It CDA is ek posityf oer de plannen. Men hat al langer problemen mei it parkearen op dat plak. It is spitich dat men in stik park opoffert oan parkearplakken, mar it kin net oars op dit plak. It CDA wol graach sjen dat de gemeente letter by eventuele ferkeap it rjocht fan earste keap hat. De bewenners fan de Pompebledstrjitte soenen miskien lest krije kinne fan wetteroerlest. Sjoch der goed nei. De ofslutberheid is in tige wichtich item. De hear P.van der Werff (PvdA): Is de Wythusterwei underdiel fan it foarstel? Wethalder Keizer: It wurdt as opsje neamd. Der is gjin wiziging fan it bestimmingsplan foar nedich. Men kin it ut it plan helje. Hy is fierder bliid mei de positive reaksjes fan de ried. Ut de opbringsten fan de ferkeap fan de grun wurdt in diel foar de ymjochting fan it park brukt. Mei de omwenners sil men noch yn petear gean. Hy fynt it foarstel fan rjocht fan earste keap tige sinnich. De bewenners fan de Pompebledstrjitte sille troch de beeage oanpak gjin wetteroerlest krije. It kolleezje is der ek foar dat it parkearterrein foar in part ofsluten wurde kin. Twadde termvn De hear Ekas (GBL): De verkoop van de grond aan Wassenaar zal het park geen schade berokkenen. Men zou de aanpak van de Wythusterwei beter eerst achterwege kunnen laten. Hij gaat ervan uit dat de gemeente er zo'n 3 ton aan overhoudt. De hear Kielstra (WD): Hij pleit er juist voor om het geld nu wel te gebruiken voor de versterking van de verkeersveiligheid (Wythusterwei). De hear P.van der Werff (PvdA): De PvdA is der gjin foarstanner dat de gemeente rjocht fan earste keap hat yn de takomst. De PvdA wol de Wythusterwei ek oanpakke fia it shared- space-prinsipe as de ferkearskommisje dat ek goed fynt. De hear Tuininga (FNP): Yn it te nimmen beslut wurdt net praat oer de oanpak fan de Wythusterwei. It liket him wol ferstannich om dizze jun foar de rest in beslut te nimmen sadat Albert Heijn ek ut ein sette kin mei it plan. It part fan de Wythusterwei soe dus ut it foarstel moatte. De hear Ketellapper(GBL): In diel fan it park wurdt opoffere foar Albert Heijn en men makket as gemeente wer kosten foar de ynrjochting fan it park. Hy soe dan ek in aparte priis ffeegje wolle foar de ferkeap fan de grun. Wethalder Keizer: Hy fersiket om in underbrekking, sadat fan elke fraksje ien him/har foarljochtsje litte kin troch de boargemaster oer de finansjele aspekten. De foarsitter: Schorst de vergadering. De foarsitter: Heropent de vergadering en geefit het woord aan wethouder Keizer. Wethalder Keizer: It foarstel is om it beslut oan te foljen. De ynrjochting fan de Wythusterwei wurdt noch besprutsen yn de ferkearskommisje. Op 8 septimber kin men as ried noch kedize

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 15